Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE291 - Ien dei baas

Een sprookje (boek), dinsdag 14 december 1971

Hoofdtekst

Ien dei baas
Der wie ris in boer, dy gong alle freden nei stêd, en dan kaam de lânhearre by de boerinne, want hy wie grut mei har. Dat lêste dêr wie de boer net mei op 'e hichte, mar syn feint wol en dy hie dêr knap argewaasje fan. Doe rûn it nei niijier en dat wie de tiid fan besteegjen. Doe sei de boer tsjin 'e feint: 'Hoe moat dat mei maaie, jong? Wolst ek bliuwe?'
De feint antwurde: 'Ik wol wol bliuwe, ek wol foar't selde lean, mar ik ha al in betingst — ik wol it kommende jier ien dei baas wêze en ik sil sels útmeitsje, hokfoar dei as dat wêze sil'. 'Ho ris', sei de boer, 'dát kin net. Do koest raar wurk meitsje dy iene deis — do koest my bygelyks myn hiel beslach fee wol ferkeapje'. Doe sei de feint: 'Jo sille der net minder fan wurde, boer, dêr kinne jo steat op meitsje'. 'Toe dan mar', sei de boer, 'dan giet it troch'. Hy koe syn feint en wist wol, dat er gjin domme dingen dwaan soe.
Der rûn in skoft tiid oer hinne, maaie hie al yn 't lân west, doe soe de boer op in freedtemoarn wer nei stêd. Hy wie de wei al út, doe rôp de feint him efternei: 'Ho boer — weromkomme! Hjoed net nei stêd'. Werom sil ik hjoed net nei stêd', sei de boer, 'dat woe 'k wol ris witte'. Doe sei de feint: 'Wy ha ôfpraat, ik soe ien dei baas wêze en hjoed is 't safier'. Ja, doe koe de boer net oars, hy kaam werom.
Undertusken wie de lânhearre al fan 'e oare kant kommen. Hy seach, dat de boer weromkaam en strûpte yn in kast. De boer kaam op it hiem en doe sei de feint: 'As jo no de ferklaaiersklean útdogge, dan slach ik it hynder yntiid foar de haiwein. Eh — net freegje', sei er, 'ik bin hjoed baas'.
Doe't de boer him ferklaaid hie en de haiwein foar de doar stie, sei de feint — want dy wist wol, hoe't it spul yninoar siet —: 'No sille wy tegearre dy kast efkes op 'e wein smite en dêr ride wy de wei mei út'. De boer aksele wol wat tsjin en de boerinne bearde mâl, mar der wie gjin ferwin op. Dy kast wie swier te rissen, mar se krigen him op 'e wein.
Doe de wei der mei út. Njonkenlytsen kamen se by in tiltsje. 'Ho!' sei de feint en it hynder bleau stean. 'Wat wolst no?' frege de boer. 'Dy kast yn 'e feart smite', sei de feint, goed lûd. 'Hoe krijst it yn 'e plasse!' 'Nee, nee! Neat sizze, boer — ik bin hjoed baas. Dy kast bruie wy yn 'e feart. Ik tink, dat er sinkt, en it is hjir goed djip'.
De feint hie him op slot dien en de kaai der út krige. Mar doe't se him fan 'e wein lichte soenen, begûn dêr fan binnen ien tsjin 'e doarren te bûnzjen en te kjirmjen fan: 'Lit my der út. Lit my der út!'
Doe't de lânhearre út dy kast kaam, gongen de boer de eagen iepen. Wat der krekt foarfallen is, wit ik net, mar yn alle gefallen hat de lânhearre net wer op freed by de boerinne west. En de boer seach yn, hoe'n bêste feint as er hie.

Beschrijving

Een knecht vraagt aan de boer voor wie hij werkt, of hij voor één dag de baas mag zijn. De boer stemt toe. Als de bewuste dag is aangebroken, zegt de knecht tegen de boer dat hij niet, zoals elke week, naar de stad mag gaan. Hij moet in plaats daarvan een kast op een kar laden, en deze in het water gooien. Op het laatste moment horen ze een stem uit de kast komen: "Laat me eruit!" De landheer blijkt zich in de kast verstopt te hebben. Deze vergreep zich elke week, als de boer naar de stad ging, aan diens vrouw. De knecht had dit in de gaten en wilde het de landheer betaald zetten.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.

Commentaar

14 december 1971

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20