Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE292 - De skippersfrou dy't gelyk ha woe

Een mop (boek), maandag 08 januari 1973

Hoofdtekst

De skippersfrou dy't gelyk ha woe
Der wie ris in skipper, dy hie frjemd folk by him oan board. Hy dreau moai foar 't lapke, it gong suver fansels, en doe siet er mei it gat op 't helmhout mei syn selskip te praten. Hy begûn oan in nij ferhaal oer in pakje dat se krige hienen. 'Doe't ik dat pakje út 'e knopen helle . . .' sei er op in stuit, mar de skippersfrou foel him yn 'e rede: 'Nee', sei se, 'do hast it net losknope — ik ha 't losknipt'. 'Wat silst my no fertelle!' rôp de man, 'ik wie dwaande om it toutsje los te knoopjen, dat siet. . .' 'Net wier', de frou wer, 'ik hie de skjirre al yn 'e hân; ik soe it daalk al trochknippe, en ik haw it ek trochknipt!'
Dêr hottefilen se in setsje oer. 'Ik ha 't losknope', sei de man, en de frou sei: 'Dat is net wier — ik ha 't knipt!' No, it iene wurd helle it oare út — jim witte wol, skippers binne faak opljeppend. Dat se rekken op 't lêst fergoed deilis. De man waard op in stuit oerémis, dat hy joech har — miskien wie it hielendal de bedoeling net — sa'n trewinkel, dat it minske truzele oer board.
Sy al besykje om gong te minderjen en har te help te kommen, mar dat fleach net sa hurd. Se seagen efterom en dêr sonk de frou stadichoan wei. It lêste dat se seagen dat wienen twa fingers boppe it wetter en dy makken de beweging fan knippen.

Onderwerp

AT 1365B - Cutting with the Knive or the Scissors    AT 1365B - Cutting with the Knive or the Scissors   

ATU 1365B    ATU 1365B   

Beschrijving

Een schipper en zijn vrouw maken ruzie over een pakje dat ze eens gekregen hebben. De schipper zegt dat hij het touw heeft losgemaakt, terwijl de vrouw beweert dat zij het heeft doorgeknipt. De schipper wordt zo kwaad dat hij zijn vrouw overboord slaat. Voordat ze voorgoed de diepte in zinkt, maakt de vrouw nog met haar vingers een knippende beweging boven het water.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.

Commentaar

8 januari 1973 / 16 oktober 1974
Cutting with the Knife or the Scissors

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20