Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE294 - Lûke mar

Een mop (boek), vrijdag 09 december 1977

Hoofdtekst

Lûke mar
In man hie wat útheefd dêr't de deastraf op stie. Hy woe syn misdied net bekenne, mar hy waard doch ta de galge feroardiele. Hy siet yn it tichthús en de oare deis soe er hongen wurde. Doe tocht de pastoar, ik moat noch mar enkes nei dy man ta, hy kin wol wat geastlike stipe brûke. Hy kaam yn 'e finzenis en sei: 'Ik bin de pastoar — it sjocht der net sa moai foar jo út. Ik tocht, ik moat noch mar ris by jo sjen'. 'No', sei dy boef, 'gean mar wer nei hûs ta, want ik ha neat mei jo nedich. Jo binne mar fertsjintwurdiger, moarn kom ik by de grutte baas sels'.
De oare deis kamen der guon fan it stedsbestjoer en fan it rjocht om him nei de galge te bringen. Dat gong yn optocht troch de stêd, de feroardiele yn 'e midden. It wie alderôfgryslikste min waar, it reinde dat it spielde. En dy boef hie sa'n wille. Doe sei de boargemaster tsjin him: 'Man, wat belaitsje jo? It is doch ferskriklik — sa dalik wurde jo ophongen'. 'Ja', sei de man, 'mar yn dit minne waar. Dat let my aansen neat mear, mar jimme moatte ek noch werom'.
Se kamen by de galge en doe sei de boargemaster tsjin de feroardiele: 'It kin no noch — as jo bekenne, dat jo de misdied begongen hawwe, miskien dat jo noch oan 'e galge ûntkomme'. 'Ik sis neat mear', antwurde de man, 'want jimme leauwe my doch net'. 'Sa is 't net', sei de boargemaster, 'as jo tajouwe, dat jo it dien hawwe, krije jo net allinne miskien frijspraak, mar dan meie jo ek trouwe mei myn dochter'. Dat sei de boargemaster der mar om. Hy tocht, dan haw ik earder kâns, dat ik it der út krij, en dat woe er graach. Mar de man antwurde wer: 'Ik sis neat'. 'Dan moatte jo it sels mar witte', sei de boargemaster, 'mar dan sille wy jo ophingje'.
De man stie ûnder de galge. De beul lei him de strop om 'e hals en die de earste haal om him omheech te lûken. Mar doe joech de man opiens in pear mâle gelûden. 'Ho!' gebea de boargemaster, 'hy wol noch wat sizze'. Doe sei de feroardiele: 'No moatte jim gjin grappen úthelje, want ik waard sa benaud as 't mar kin!' 'Wolle jo bekenne?' frege de boargemaster noch ris, 'ik ha 't jo al tasein: dan meie jo trouwe mei myn dochter'. 'No', sei de man, 'wêr is jo dochter?' 'Sjoch, it is dát fanke', en de boargemaster wiisde. 'Oh!' sei de boef, 'dy mei dat reade hier?' 'Ja', wie it antwurd fan 'e boargemaster. 'No, dan haw ik it wol sjoen. Lûke mar!'

Onderwerp

AT 1367* - To Live with Evil Woman    AT 1367* - To Live with Evil Woman   

ATU 1367*    ATU 1367*   

Beschrijving

De burgemeester probeert een ter dood veroordeelde op het laatste moment tot een bekentenis over te halen. Hij belooft de man dat hij met zijn dochter mag trouwen, als hij maar bekent. De burgemeester wijst zijn dochter aan. De veroordeelde ziet haar, en zegt: "Is het die met dat rode haar? Nou, hang me dan maar liever op."

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.

Commentaar

9 december 1977
To Live with Evil Woman

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20