Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE295 - Dat docht dy bliuwen

Een mop (boek), dinsdag 16 oktober 1973

Hoofdtekst

Dat docht dy bliuwen
Der wienen ris in boer en boerinne, dy gongen folle te besytsjen en dan bleauwen de feint en de faam tegearre op 'e pleats. De boer hie him al ris ôffrege, wat soenen dy twa altyd út 'e wei sette as wy fan hûs binne? Soenen se wol genôch wurk dwaan en nimme se it der net te rojaal fan mei iten en drinken? Op in kear soenen boer en frou wer fan hûs. Sa hiet it teminsten. Mar de boer krûpte stikem op in fersideplakje op 'e souder. It earste wat er fan 'e faam hearde wie, dat se tsjin 'e feint sei: 'Wy sille hjoed ris lekker ite'.
De middeis sieten se dan te iten en it miel smakke skoan, want de faam hie neat skroomd. Se hienen dien en doe sei de faam: 'Lekker gegeten en gedronken en nu maar weer vlijtig aan de arbeid'. Dêr komt fan boppen in stim en dy ropt: 'Dat docht dy bliuwen, want oars hiest al lang ta de doarren út west'.

Beschrijving

Een boer verstopt zich op zolder om zijn knecht en dienstmeisje te controleren. Omdat ze denken dat de baas niet thuis is, maken de twee een lekkere uitgebreide maaltijd klaar. Na het eten stelt het meisje voor om nu maar eens aan het werk te gaan. De boer hoort het, en roept vanaf de zolder dat dat hoog tijd werd.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.

Commentaar

16 oktober 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20