Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE297 - De farske-boltsjedea

Een mop (boek), vrijdag 17 januari 1975

Hoofdtekst

De farske-boltsjedea
Te Makkum wenne ris in skuonmakker, Jan wie syn namme. Hy wie troud mei Griet, mar dat hie er net troffen. De man wie sa goed as bôle en sa noflik as brea. Syn fak ferstie er út 'e pin, dat hy koe ek wol in knap stik brea winne. Eigentlik wie der neat op him oan te merken, en doch mocht Griet him net lije. Der wienen gjin bern en it minske ferfeelde har in bokje by dy stille bedaarde Jan, dy't dêr al den dei mar yn syn skuonmakkershokje siet te plugjen en te klopjen en nei pik en lear roek. Se die oars net as wranteljen en kibjen. De skuonmakker hie dêr in hekel oan; hy besocht wol om der feroaring yn te krijen, mar hy koe it noait goedmeitsje. Wie er no mar as buorman, tocht Griet, dat is in koartswilige keardel, dan koe men ris laitsje en dan foel de dei jin net sa lang. Se koe it net foar har hâlde, se klage har need by dy buorlju.
'Och, och', sei se, 'dy keardel fan my, ik woe wol dat er deagong, dan krige ik miskien in bettere man!'
Doe seinen dy buorren tsjin har: 'Wolst sa graach fan Jan ôf?'
'Ja, minlike graach. Wie er mar dea'.
'No, dêr is wol wat oan te dwaan, net? Mar dan moatst him in hantsje helpe. Mei wat fergif of sa. Mar tink der om, gjin rottekrûd brûke, want dat komt altyd út en dan giest in raar gat yn'.
'No, hoe moat it dan?'
'Wachtsje mar, wy sille dy wol wat oan 'e hân dwaan', seine se, 'mar dêr moatte wy earst efkes oer neiprakkeseare'.
Dat seinen dy buorlju der mar om. It begrutte har om Jan. Se wisten wol, dat Griet him gjin goede kost gunde en se tochten, dat minske moat nedich ris in goede ôflear ha. Se hâlden it mei Jan, want dat wie in reuzekeardel. Buorman brocht Jan mei it ien en oar op 'e hichte en hy frege him, wat er leafst mochte. No, farske boltsjes, dêr wie er sljocht op en dêr koe er him oars de mûle nei slikje.
Doe seinen se tsjin Griet: 'Do moatst soargje, dat Jan blyn wurdt. Dan kriget er fansels syn nocht fan 't libben en dan makket er him wol fan kant en do bist fan him ôf'.
'Hoe moat ik dat ha, dat er blyn wurdt?'
'Dan moatst him alle dagen farske boltsjes jaan. Dêr wurdt er fansels blyn fan. Tink der om, net sa staf en af — earst mar ien deis, dan twa, en sawathinne'.
No, Griet tochte, dat is klear. Dat de oare deis, Jan krige in farsk boltsje by't iten.
'Hoe ha we't no?'
'Ja', sy sei,'wy wolle in bytsje oars leve'.
De buorlju seinen tsjin Jan: 'Sa en sa ha wy tsjin Griet sein'.
'Ja, dat hie 'k al begrepen'.
Sy seinen tsjin him: 'No moatst beare, dat dyn gesicht stadichoan minder wurdt'.
Dat die er, en doe, in pear dagen neitiid, doe krige er al twa farske boltsjes. En noch in tiidsje letter trije. Doe sei er tsjin Griet: 'Myn gesicht wurdt sa min, ik slaan mysels wol gauris op 'e hannen mei 't skuonmeitsjen'.
De oare moarns krige er noch in boltsje mear. Se tocht, hy moat mar gau fuort. It duorre even, doe sei er: 'Ik sjoch neat mear. Ik kin de boel der wol by dellizze, want ik bring der doch neat mear fan te lâne'.
No, dat wie goed. Mar se woe him oerdei net yn 'e hûs ha. Dat hy gong yn syn skuonmakkershokje sitten, de hannen oerinoar.
Doe op in kear sei er: 'It libben is my sa ek gjin spat mear. Ik meitsje der in ein oan'.
'Ei kom', sei se, 'sa moatst net'.
Mar de oare deis sei Jan: 'Witste wat — wy geane nei 't haad ta, nei de haven. Ik gean op 't kantsje stean; dan komsto der oan en do joust my in dúst. Dan bin ik útgliden, hjit it, enne . . . dan is't yn oarder'.
'Oh', sei Griet, 'do bist wol wizer! Jan jonge, hoe komst der by! Ik kin dy net misse!'
'Ja, nee', hy seit, 'it libben is sa neat!'
Dat hy seurde krekt sa lang, dat it soe oangean. Jan gong op 'e kant stean. Griet komt der oan, se set aardich ta, want hy moat der al yn, no? Mar op it alderlêste stuit springt Jan fansiden en Griet fljocht by de wâl del.
'Jan, Jan! Help my — ik fersûp!'
'Ja, ja', seit Jan, 'mar ik kin dy net sjen. Wêr biste?'
'Hjirre, hjirre! Gau, gau, ik sink!'
No, Jan wachte noch efkes en doe waard er wer sjende. Buorman hie ek al soarge, dat der in heak by de hân wie. Griet wie al ris kopke ûnder gongen, it waard tiid dat er har oan 'e heak sloech. Troch har gegûl en geraas kamen der ek al mear minsken oansetten en doe waard Griet mei de mannemacht op 'e wâl hyst. Jan fertelde net, hoe't Griet der yn rekke wie, en Griet sels swijde as it grêf. Mar njonkenlytsen waard it doch bekend en no neame se dat eksploat it ferhaal fan 'e farske-boltsjedea.
Griet wie aardich betommele en woe tenei wol yn goedens. Jan krige better libben en hat fierder altyd syn farske boltsjes iten.

Onderwerp

AT 1380 - The Faithless Wife    AT 1380 - The Faithless Wife   

ATU 1380    ATU 1380   

Beschrijving

Griet wil van haar man af, en roept de hulp in van de buren. Deze doen net alsof ze achter haar staan, maar eigenlijk staan ze aan de kant van Jan. Ze adviseren Griet om Jan iedere dag verse broodjes te geven, daar zal hij blind van worden. Jan doet net alsof hij blind wordt, en ondertussen geniet hij van de broodjes. Op een dag vraagt hij Griet om hem in het water te duwen, want hij ziet het leven, nu hij blind is, niet meer zitten. Griet neemt een aanloop, maar op het laatste moment springt Jan opzij, zodat Griet zelf in het water valt. Griet heeft hiermee haar lesje geleerd, en wordt een beter mens.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.

Commentaar

17 januari 1975
It begjin en de ein binne net alhiel op 'e bân kommen en út 'e holle wat oanfolle.
The Faithless Wife

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Griet    Griet   

Naam Locatie in Tekst

Makkum    Makkum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20