Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE300 - De wierheid

Een mop (boek), woensdag 09 mei 1973

Hoofdtekst

De wierheid
Der wienen ris in boer en in frou, dy hienen in húshâlding fan fyftjin bern. Se koenen oars ridlik goed meiïnoar, mar de iene hie de oare eigentlik noait fertroud. De man sei: 'Der is ien bern by, dat is net fan my'. Dêr bedoelde er it âldste bern mei, en dat stie altyd wat efter by him.
En doe op in kear rekke dat minske siik. It stie der net bêst mei har foar. Se lei op bêd en doe wonk se ien fan 'e âldste bern. 'Do moatst jim heit roppe, ik wol noch efkes mei him prate'. Dat fanke helle har heit en doe moasten de bern ta de keamer út. Se wienen tegearre en doe sei se: 'Ik tink net, dat ik hjir lang mear bin en no wol ik dy de wierheid fertelle. Do hast altiten sein, dy earste dy is net fan my. Mar it is krekt oarsom: krekt dy earste is wol fan dy, mar de oare fjirtjin net'.

Onderwerp

AT 1425B* - Why Seventh has Red Hair    AT 1425B* - Why Seventh has Red Hair   

ATU 1425B*    ATU 1425B*   

Beschrijving

Een man en een vrouw hebben vijftien kinderen. De man heeft altijd gezegd dat de oudste niet van hem is, want ze is anders. Op haar sterfbed vertelt de vrouw haar man de waarheid: De oudste was de enige die van haar man was.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.312

Commentaar

9 mei 1973
Why Seventh has Red Hair

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20