Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE302 - De houtene Gabe

Een mop (boek), dinsdag 01 februari 1972

Hoofdtekst

De houtene Gabe
Der libben ris in man en in frou mei twa jonges. De man hiet Gabe. Se hienen in lokkich houlik. Mar op in kweade dei waard Gabe siik. Fan alles kaam der by en Gabe liet it sitte. Dat wie slim fansels, it minske skriemde har oan wetter en de jonges misten heit ek bot.
Der wie hielendal gjin ôfbylding fan 'e man. Doe sei it wiif tsjin 'e soannen: 'Wy moasten oars al wer in Gabe ha'. 'Ja', antwurden de soannen, 'wat seit mem, sille wy nei de timmerman, dat er ús in Gabe makket?' Hjir kin men oan sjen, dat dit ferhaal yn in fier ferline spilet. Se rieplachten de timmerman en dy sei: 'Ik kin wol in Gabe meitsje, fan hout'. Hy makke ek in houtene Gabe; dy kaam yn 'e ferve en doe wie dat krekt Gabe syn gedaante.
De timmerman brocht him en se setten him yn'e keamersherne del. 'Och', sei it minske, 'wat binne wy bliid—no ha we in Gabe wer!'
Ja, Gabe stie dêr. Mar hy bleau fan hout en de frou wie noch net sa âld. It duorre dan ek net sa mâle lang, doe krige se in bytsje ferkearing mei in oare man. Dy kaam dêr oer de flier en Gabe stie altyd yn 'e keamersherne. Doe sei de frou tsjin 'e jonges: 'Wat liket dat doch raar, net! Dy man komt hjir en dan stiet Gabe dêr altyd mar yn 'e hoeke. Soe it de baas net wêze en set Gabe mar yn it keammerke?' No, toe dan mar. Gabe ferhuze nei it keammerke.
Dêr hie er in wike of wat stien, doe sei se: 'Ja jonges, wat is 't wat, net! No stiet Gabe hjir yn 't keammerke en dy man komt dêr iderkear by lâns. Soe it net al sa goed wêze—wy bliuwe fansels like mâl mei him—, dat wy Gabe efter delsetten?' De jonges seinen: 'Dan sette wy Gabe efter del, mem. Dêr stiet er ek goed. Wy bliuwe dêrom like mâl mei him'.
Hawar, Gabe bleau in skoft efter stean en doe waard it winter. It frear ta en de stokerije wie net sa rûm by har. Op in kear, dat de man dêr't se ferkearing mei hie wer komme soe, sei se: 'Witte jim, jonges, wat ik tocht hie? Sille wy Gabe mar net stikken houwe en brân him op?' De jonges seinen: 'Dan kinne wy ús doch waarmje en it iten rekket ek gauwer oan 'e soad'. Se sloegen Gabe stikken en brânden him op. Fuort wie Gabe.

Onderwerp

AT 1510 - The Matron of Ephesus (Vidua)    AT 1510 - The Matron of Ephesus (Vidua)   

ATU 1510    ATU 1510   

Beschrijving

Een vrouw laat een houten figuur maken die lijkt op har overleden man en zet die in de kamer. Als ze weer een nieuwe man ontmoet, wordt het houten figuur steeds verder weggeschoven totdat hij uiteindelijk verbrand wordt in de kachel.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.313-314

Commentaar

1 februari 1972
The Matron of Ephesus

Naam Locatie in Tekst

Gabe    Gabe   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20