Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE303 - Wat de bingel lette

Een mop (boek), maandag 26 juni 1972

Hoofdtekst

Wat de bingel lette
Op in doarpke wenne in widdofrou, dy woe wol graach wer in man hawwe, mar se krige noait gjin oansyk. Lykwols, dêr op it lêst, dêr komt Grutte Klaas. Dat it no hielendal har sin wie, koe se net sizze, mar se hie oars gjin kar, dat se krige ferkearing mei Gruite Klaas. Hy woe wol mei har trouwe, en hja, no ja, hja woe minlike graach in man ha. Hoe moast se dêrmei oan? Dat wist se sels net. Doe tocht se, ik moat earst mar efkes nei dominy ta, ris hearre, wat dominy der fan tinkt.
Hja giet nei dominy ta en dêr seit se: 'Ik wit net, dominy sil it wol heard ha—ik ha ferkearing mei Grutte Klaas en Grutte Klaas wol mei my trouwe. Hoe liket dominy dat ta?'
'Ja', seit dominy, 'ja, wat sil ik dêrfan sizze?' Hy koe Grutte Klaas ek wol sa'n bytsje. 'Dat binne saken, dy lizze foar jimme sels. Dêr wol ik leafst bûten bliuwe'.
No ja, mar hja woe dominy dan doch freegje, hoe't hy der oer tochte. 'Dat ha 'k jo al sein', antwurde dominy, 'mar ik kin jo wol in ried jaan. Dat sil 'k jo sizze: jo moatte jûn om seis oere foar de gevel stean gean en dan moatte jo goed harkje, wat as de bingel let. En lyk as de bingel let, sa moatte jo mar dwaan'.
De jûnes tsjin seizen, hja giet foar de gevel stean te harkjen. Ja, om seis oere dêr begjint de bingel te lieden. En hja ferstiet it dúdlik. Dúdlik: 'Trou Klaas, trou Klaas, trou Klaas!' Seis kear.
No, klear wie it. Hja troude oan Klaas. Mar dat houlik foel ferkeard út, hja koenen tegearre as hûn en kat.
Doe gyng se wer nei dominy ta. Se sei: 'O dominy, wat ha jo my ferret!' 'Ikke?' frege dominy. 'Ja, jo ha sein, ik moast nei de bingel harkje, en de bingel lette: Trou Klaas! En ik ha Klaas troud en it is allegear mis en ferkeard!' 'Mar dat is myn skuld net!' sei dominy, 'dan hawwe jo dat ferkeard ferstien. Gean jûn mar wer foar de gevel stean en harkje noch mar ris, wat de bingel let!'
En doe hja wer foar it hûs. En diskear ferstie se klear, dat de bingel lette: 'Trou net! Trou net! Trou net! Trou net!'

Onderwerp

AT 1511* - Advice of the Bells    AT 1511* - Advice of the Bells   

ATU 1511*    ATU 1511*   

Beschrijving

Een vrouw krijgt verkering en vraagt aan de dominee of ze moet trouwen. De dominee zegt dat ze maar naar de bel moet luisteren. Ze hoort dat ze moet trouwen en doet dit ook. Het is echter geen goed huwelijk en de vrouw gaat weer naar de dominee. De dominee zegt dat ze het verkeerd begrepen heeft en dat ze nog maar eens moet luisteren. Nu hoort de vrouw dat ze niet moet trouwen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.314-315

Commentaar

26 juni 1972
Advice of the Bells

Naam Overig in Tekst

Grutte Klaas    Grutte Klaas   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20