Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE304 - Hast al wer flokt?

Een mop (boek), maandag 21 februari 1972

Hoofdtekst

Hast al wer flokt?
Der wienen ris in âld man en in âlde frou, dy hienen ien ko. Se wennen oan 'e boskrâne. Mei in hoekje bou der by skarrelen se troch de tiid. De ko wie al achttjin jier âld en hy joech hast gjin molke mear. Mar se hongen oan it beestje, dat se soargen der tsjinoan om him ôf te tankjen en in oarenien te keapjen. Mar ja, it koe sa net langer, dat se waarden op't lêst doch mar te riede en ferkeapje de ko. Der moast dan mar in jongenien foar yn 't plak komme.
De âld man makke him klear en joech him ôf nei de stêd mei de ko oan 't tou. Hy moast in hiel ein troch 't bosk en doe wienen der twa dieven, dy seagen him kroaskjen. De âld baas wie suver fan 'e wize, sa begrutte it him, dat syn âld beest fuortgong. Dat hy sjoude djip yn 'e prakkesaasjes troch 't bosk, en de ko sjou de efter him oan.
Doe sloepen dy dieven hiel sunich efter him oan; de iene makke foarsichtich-foarsichtich it hoarntou los en joech de ko oan syn maat. It tou die er himsels om 'e nekke. Foar it boerke fielde it krekt as rûn de ko noch efter him oan. Hy sjoude troch, nearne gjin erch yn, djip yn 'e gedachten. Dy iene dief sjoude efter him oan en die sa no en dan in licht hoartsje oan it tou en dan sei de âld man: 'Kom ju!'
Mar op 't lêst, dêr bleau de dief stokstiif stean. Doe seach it boerke dan doch om en hy besaude.
'Hoe kin dit?' sei er.
'Ja', antwurde de dief, 'dat sil 'k jo krekt fertelle. Ik bin jo ko'.
'Myn ko?'frege de âld man, noch slimmer ferstuivere.
'Sjoch, ik ha foarhinne ek in minske west. Mar doe't ik in jonge wie, flokte ik wol ris. En doe sei ús heit: Jonge, dêr moast mei ophâlde, want ast no wer flokste, dan kinst sa yn in beest feroarje. No, en op in kear wie 'k oan 't boartsjen en ik koe it spul net rjocht winne. Ik flokte wer, en ja, doe bin 'k ko wurden. Mar gelokkich, no is myn tiid fan ko wêzen om en ik mei wer as minske fierder troch 't libben—sjogg' je!'
'Ja, dat is dan moai foar dy, mar ik bin myn ko kwyt'.
Hy wie ferslein, mar hy tocht, ik moat doch wer in ko ha. Ik hoopje, dat ik ien betelje kin. Dat hy reizge mar troch nei de merk.
Op 'e merk strúnde er efter alle kij lâns om te sjen, oft der ek wat gaadliks foar him by wie. En doe seach er dêr syn eigen âld koke stean. Dêr wie dy oare dief in oar paad lâns mei nei de merk reizge.
Hy rûn der noch ris om hinne, en noch ris, hy fielde oan 't jaar en nei de bannen; hy spete alle fjouwer oeren efkes út—hy tocht, dit is him, dat mist my net! En doe gong er by in ear fan 't beest stean en hy flústere: 'Och jonge, hast no al wer flokt?'

Onderwerp

AT 1529 - Thief Claims to have been Transformed into a Horse    AT 1529 - Thief Claims to have been Transformed into a Horse   

ATU 1529    ATU 1529   

Beschrijving

Een boer wil zijn koe verkopen en gaat met haar naar het dorp. Onderweg stelen twee dieven de koe, maar een doet het touw waarmee de boer haar vast heeft om zijn nek. Af en toe rukt hij een beetje en de boer heeft niks in de gaten. Als de boer uiteindelijk toch omkijkt vertelt de dief dat hij zijn koe is. Vroeger had hij veel gevloekt en was hij in een koe verandert, maar nu is dat voorbij. De boer gaat verder naar de stad om een koe te kopen en ziet daar zijn eigen koe staan. Hij fluister hem in het oor: "Heb je nu alweer gevloekt?"

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.315-316

Commentaar

21 februari 1972
Thief Claims to have been Transformed into a Horse

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20