Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE305 - Holderdebolder, ik fersûp al

Een mop (boek), dinsdag 22 augustus 1972

Hoofdtekst

Holderdebolder, ik fersûp al
Lytse Doeke en Grutte Doeke wennen op ien doarp. Hja koenen tegearre as hûnen en katten. Grutte Doeke dat wie in smearlap en dy woe Lytse Doeke wol út'e wei ha. En dêr op in kear raamde er him en hy treau him yn in sek. En in prop yn 'e mûle. 'Ik sil mei dy ôfweve!'sei er. En Grutte Doeke sjoude der mei ôf.
Doe kamen se op in plak, dêr stie oan 'e iene kant in herberchje en oan 'e oare kant wienen arbeiders oan 't sleatslatten. Grutte Doeke sette de sek oan 'e kant fan 'e wei del en gyng even yn 'e herberch om in buorreltsje. Doe seinen de arbeiders: 'Wy moasten al ris even sjen, wat der yn dy sek sit'. No, se dienen him iepen en dêr kroep Lytse Doeke út. Hy fortelde: sa en sa. 'Och hearen,wat is 't wat!' seinen se, 'mar wy sille him wol ha', en se skepten dy sek fol liem. Wiet liem. En Lytse Doeke joech him ôf.
Grutte Doeke kaam op 't lêst út 'e herberch. Hy slingere de sek op te rêch, want hy wie sterk. 'Ja, miich mar', sei er, 'mar dat jout dy neat!' Hy tocht, dat er him bepisse, want der rûn wetter út 'e sek.
'Een, twee, drie', sei er, 'zo gaat Jonas naar de walvis toe', en hy smiet de sek yn 't wetter en dy sonk dalik. Doe miende er, dat Lytse Doeke wei wie.
No, hy kaam de jûnes yn 't doarp. En dêr wie Lytse Doeke wer!
'Wat no?'sei er.
'Och hea, dat wie my neat, jong! Ik siet op 'e boom fan 'e sleat, ik krige in mes en ik snijde de sek iepen en ik kroep der wer út'.
'Ik moat dy mar wer ha, en dan ûntkomst my net wer!'
Doe treau Grutte Doeke him yn in tonne. De tonne die er goed fêst, dat der neat gjin wetter by komme koe, mar der kaam noch wol wat lucht troch. De tonne liet er by de dyk del rôlje en dêr dobbele er yn 'e see; it wie yn 'e Sudersee. En doe foer dêr in skipper lâns. 'Dat is krekt wat foar ús, sa'n moai fet!' sei er tsjin 'e frou. In heak der yn smite en hja lûke dat fet op. 'Der sit ek wat yn', sei de skipper.
Hja dienen dat fet iepen en dêr kaam Lytse Doeke út setten. Hja sprongen allegearre oer board, fan benaudens. Spoekerije. En Lytse Doeke naam it roer en hy kaam wer yn dat doarpke dêr't hy en Grutte Doeke wennen.
'Wat no?' seinen se op 'e kade, dêr by de opslach. Wa komt dêr oan? In lyts mantsje! En der is oars net ien op't skip as dat lyts mantsje'. Grutte Doeke stie dêr ek. No, Lytse Doeke stapte permantich fan 't skip.
'Hoe hast dat hân?'frege Grutte Doeke.
'Ja jonge, ast yn in fet sitste, dan hast samar in skip'.
'Ik wol ek graach in skip ha—dan moatsto my ek yn in fet triuwe!'
'Dat is goed'.
No, Grutte Doeke kaam yn in fet en Lytse Doeke brocht him nei de dyk ta. Mar Lytse Doeke hie der in gatsje yn boarre, sjoch! En dêr rôle er him by de dyk del.
Doe hearde er Grutte Doeke noch roppen: 'Holderdebolder, ik fersûp al!' En sa is er yn in fet yn 'e see fersûpt.

Onderwerp

AT 1535 - The Rich and the poor Peasant    AT 1535 - The Rich and the poor Peasant   

ATU 1535    ATU 1535   

Beschrijving

Grutte Doeke probeert van Lytse Doeke af te komen door hem in het water te gooien. Eerst in een zak en daarna in een ton. De eerste keer zat hij niet werkelijk in de zak en de tweede keer wordt de ton opgevist door een schipper. Lytse Doeke komt nu in een boot het dorp binnen varen. Grutte Doeke vraat hoe dit kan en Lytse Doeke zegt dat je een schip krijgt als je in een ton zit. Grutte Doeke wil dan ook in een ton in het water gegooid worden. Lytse Doeke boort er een gaatje in en duwt de ton in de zee. Grutte Doeke is al snel verdronken.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.316-317

Commentaar

22 augustus1972
The Rich and the Poor Peasant

Naam Overig in Tekst

Lytse Doeke    Lytse Doeke   

Grutte Doeke    Grutte Doeke   

Jonas    Jonas   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20