Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE306 - Dommer as dom

Een mop (boek), vrijdag 14 april 1972

Hoofdtekst

Dommer as dom
Yn 'e tiden dat de baarch Douwe, de ko Bartle en de bolle Roel hiet, wenne der yn 'e Dokkumer Wâlden in lyts boerke. Syn namme wie Mient. En Mient hie in wyfke, dat wie net ien fan 'e snoadsten. Hja die in bulte domme dingen, en as hy har dy ûnder it each brocht, dan sei se: 'Ja Mient, dû hast gelyk'.
Sa barde it op in kear, wylst Mient it lân út wie nei syn wurk, dat hja oan 't itensieden wie. De ierappels wienen sawat gear, doe tocht se, ik koe der wol in woarst by briede. Hja sette de ierappels ôf en it briedpântsje op it fjoer, de woarst der yn.
En as ik him der no ek ris in krûkje bier by jou, tocht se, dan sil Mient wol bliid wêze. Sa sein, sa dien. Hja gong yn 'e kelder. It wie earst wat in toer om de douk út it spongat te krijen, mar it kaam foarinoar en hja sette it krûkje ûnder it kraantsje. Mar wat roek se dêr? De woarst! Hja stoude by it trepke op, en och hea, de hiele woarst wie ferbaarnd. Hja moast der suver om gûle.
Dêr kaam Mient thús. Hy frege, wat der oan skeelde en doe krige er it ferhaal te hearren. Mar foar't se goed en wol útpraat wie, hearde er wat streamen yn 'e kelder en hy der hinne. Gau de kraan ticht. De hiele keldersflier ûnder 't bier. Poerlilk kaam er wer boppe, fûterje, sa ha je net. Hja gûlde. It muoide har sa, dat hy hâlde him op 't lêst mar stil. 'No, dreagje mar gau de ierappels ôf, dan kinne wy ite!'
'Ja, dû hast gelyk, Mient', snokkere se.
Doe mar hastich hinne en hja die wat har sein waard. Mar se fergeat om te sjen, oft de ierappels wol gear wienen. Doe't se op 'e tafel stienen, wienen se noch harzich. Dat lekker ieten se net.
Doett it iten dien wie, lei Mient it har noch ris yn goedens út: harzige ierappels, ferbaarnde woarst, it skoandere bier fuortrûn, sa koe it gjin kant út! Men moast altyd jins omtinken hawwe by de dingen dy't men die.
'Ja Mient, dû hast gelyk', sei se, tenei soe se der better om tinke. Se wie fol goede foarnimmens. Doe gong it wer in wykmennich goed.
By't hjerst slachten se har baarch en doe sieten se in skoftsje rûm yn 't bargefleis. Meint sei: 'Sjoch, dit koartguod ite wy de earste tiid mar op en de siden spek lizze wy efterút foar de kâlde winter'.
'Ja Mient', sei se.
In skoft letter kaam der in bidler by de dour. Hy sei: 'Ik tink, jim hawwe al slachte. Hat de frou ek wat foar my efterútlein?' Hja seach him wat ferheard oan. 'Binne jo faaks de kâlde winter? Dêr ha wy de siden spek foar efterúthâlden'. 'Ja', sei de man, 'dat bin ik'. En doe joech it wyfke him de siden spek mei.
Mar doett se it neitiid oan Mient fertelde, stie der in waar op. Hy fûtere en die sa bot, dat doe moast se wer sa skrieme. Mar ja, it spek wie fuort, dêr wie neat mear oan te dwaan.
In hiel skoft letter, doe hienen se twa kij en dy woenen se allebeide wol ferkeapje, want se moasten de maitiids de hier betelje. Mient sei: 'Hja steane der moai foar— fuortoan kinne wy dêr in aardich stuorke út meitsje'.
En doe kaam der in frjemde man oan 'e doar en dy frege it minske—Mient wie it lân wer út—: 'Hoe is 't, frou, is der wat te keap?'
'Ja', sei se,'wy wolle twa kij ferkeapje'.
'Oh! No, dan moat ik dy mar even sjen'. Hy beseach se, en ja, it wienen in pear skoane kij, dat like him goed ta. 'Safolle binne se wurdich', sei er.
'No ja', sei se, 'mar ik wit net, oft myn man dat wol goedfynt'.
'Jamar. . .', en de keapman hâlde mar oan, mar se woe der doch mar net op yngean.
Op 't lêst sei er: 'No, sil ik jo ris wat sizze? Sá is de wearde (Hy neamde in bedrach)—no jou ik dêr in tientsje oerhinne. Dan sil it jo man altyd wol goed wêze!'
Hja tochte, in tientsje boppe de wearde—dat móát goed wêze! No, dan moast de keap mar oangean.
De keapman helle de kij fan 'e stâl en doe soe er dan betelje. De frou hâlde de hân al op om it jild te barren, mar de keapman sei: 'Wel stom—it is ek sa: no ha 'k gjin sinten by my. Ik koe ek net witte, dat ik it hjir sa treffe soe. Witt'jo wat: ik jou jo ien ko ta ûnderpân en dan kom ik fuortoan wol mei de sinten en nim dy oare ko mei'. Ja, dat like har goed ta. Dat de keapman stiek mei ien ko ôf.
In skoft letter kaam Mient thús. Se rôp him fan fierren al ta: 'Ik ha in tientsje mear foar de kij krige as se wurdich binne—sa en sa ha 'k it hân'.
'Wat man wie dat?' frege er.
'Ja, dat wit ik net. Hy kaam by de doar en hy frege, oft der ek hannel wie'.
Doe wie Mient alhiel mâl: 'Tinkstû no, dat dy keardel hjir werkomt? Ast net iens witst, hoe't er hyt, en hy hat samar dy ko meinommen. Nee, dy ko binne wy yn alle gefallen kwyt'.
'No ja', sei se, 'dan wit ik it ek net mear, mar hy beloofde it'.
'Ja, no dû kinst elkeniensa mar net leauwe dy't dy wat ûnthyt'.
Och, och, wat wie dy Mient mâl. Hy rûn ta de doar út en hy rôp: 'Ik gean fuort en ik kom net wer, ear't ik yn 'e wrâld trije minsken fûn ha dy't like dom binne as dû!' Op in draaf rûn er fuort en hy seach net iens om.
Hy teach de wide wrâld yn. Dêr kaam him in hynder en wein tsjin. De wein wie ôfladen mei koalrapen. De fuorman siet der boppe-op en hâlde in sekfol bûten de wein. Hy switte der fan, sa swier foel it him.
'Wêrom dogge jo dat?' woe Mient witte.
'Ja sjoch, it weinfol koalrapen is hast te swier foar it hopke; dêrom draach ik in sekfol foar him'.
Doe brocht Mient him oan't ferstân, dat er troch op'e wein te sitten it bist noch mear lûke liet—hy koe der better njonken lâns rinne.
'Ja, it is ek sa, jo ha gelyk', sei de man en hy kaam fan 'e wein. Mient skodholle en gong fierder.
Letter kaam er in lyts spultsje foarby, dêr wienen in pear minsken drok yn'e wapens. It wyfke stie te pompen en de man brocht it wetter yn in fet, dêr't twa kij en in hoklinkje by stienen te drinken. De lju skrepten har yn 't swit—dy bisten koenen noch al wat op, sa't it like. Mar doe't er tichterby kaam, seach Mient, dat ûnder yn it fet in gat siet, sadwaande rûn it measte wetter wer fuort.
Hy sei tsjin de man en de frou: 'As jim no earst dat gat ris tichtmakken, dan koenen jim al mei frijwat minder wurk ta'.
'Ja, jo ha gelyk, man', seinen se en se dienen nei syn wurden.
Op 'e jûn kaam er in hûske foarby. De man en de frou stienen njonken hûs yn 't waar te sjen. Hy makke in praatsje en hja noaden him yn. Hy koe dêr de nachts ek wol sliepe. Dat gong oan. De oare moarns hearde er in nuver gestommel yn 't efterhûs. Hy der hinne en dêr seach er in bryk gefal. It mantsje yn 'e ûnderbroek klaude by in ljedder op, de frou hâlde syn broek op en dan die de man syn bêst om dêryn te springen. Mar hy sprong der in kear of wat by troch en dan moast er wer by de ljedder op en krige men itselde spul op 'e nij. Mient lei har út, hoe't hy en syn gelikens de boppebroek oanteagen.
'Ja, jo ha gelyk, man', seinen se, 'dat is folle makliker'.
Hy iet de moarnsbrogge noch mei har en doe gong er mar nei hûs. Domme minsken binne der doch rûnom, tocht er, en tenei hie er noch wat mear moederaasje mei syn eigen frou.

Onderwerp

AT 1541 - For the Long Winter    AT 1541 - For the Long Winter   

ATU 1541    ATU 1541   

ATU 1385    ATU 1385   

AT 1385 - The Foolish Wife's Pawn    AT 1385 - The Foolish Wife's Pawn   

AT 1242A - Carrying Part of the Load    AT 1242A - Carrying Part of the Load   

ATU 1242A    ATU 1242A   

sinATU 1242A - Der Mann steht auf dem Wagen mit einem Sack auf dem Rücken, um das Pferd zu entlasten.    sinATU 1242A - Der Mann steht auf dem Wagen mit einem Sack auf dem Rücken, um das Pferd zu entlasten.   

AT 1286 - Jumping into the Breeches    AT 1286 - Jumping into the Breeches   

ATU 1286    ATU 1286   

AT 1384 - The Husband Hunts Three Persons as Stupid as his Wife    AT 1384 - The Husband Hunts Three Persons as Stupid as his Wife   

ATU 1384    ATU 1384   

Beschrijving

Een man was getrouwd met een domme vrouw. Ze deed iedere keer zulke domme dingen, dat haar man uiteindelijk wegliep en niet terug zou komen voordat hij drie andere mensen had gevonden die net zo dom waren. Hij vindt al snel drie andere mensen die nog dommer zijn en gaat maar snel weer terug naar zijn vrouw.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.317-320

Commentaar

14 april 1972
Al troch har neef Theun de Vries publisearre yn: It Heitelân 1932, s. 279-280.

Naam Overig in Tekst

Douwe    Douwe   

Bartle    Bartle   

Roel    Roel   

Mient    Mient   

Naam Locatie in Tekst

Dokkum    Dokkum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20