Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE309 - De fjouwer mieren dy't alle mielen fan 'e dei tagelyk ieten

Een mop (boek), maandag 04 september 1978

Hoofdtekst

De fjouwer mieren dy't alle mielen fan 'e dei tagelyk ieten
It is no miskien in foech hûndert jier ferlyn, doe wenne der yn it Grouster Leechlân in boer, dy hiet Hindrik Jonkman. Alle jierren helle Jonkman yn 'e foarsimmer fjouwer poepen of hantsjemieren, sa't se dan seinen, op. Dy moasten foar him meane en haaie, want dêr hienen se foarhinne folle mear wurk mei as hjoeddeis. Tsjintwurdich wurdt der hast net mear haaid, it is allegear pakjehea en kuil en keunstfoer. Mei't der ek noch gjin meanmasinen wienen, moast alles mei de seine meand wurde, en dat dienen dy poepen. Tige taaie keardels, mar folle ferstân siet der net by. Lykwols, diskear hie Jonkman it mei fjouwer hantsjemieren te krijen dy't him te glêd ôf wienen.
Hy wie der op te jûn mei thúskommen. Se hienen noch in miel iten hân en har ridlik gau deljûn yn 't heafek, yn't bytsje hea dat dêr noch lei. De oare moarns soe 't dan mar wêze. Se kamen yn 'e koken en dêr stie it itensspul allegear klear. 'Taast mar ta', sei de boerinne, 'want it wurdt hjoed in drege dei'. Dat dy fjouwer poepen behimmelen har moarnsbrogge, en hokfoar grouwe hompen roggebrea as de frou ek snie, se skouden alles der samar troch en doe't it op wie, wienen se noch lang net sêd.
Ien fan 'e mannen sei: 'Och boerinne (op syn poepsk dan), it is eins sa: der is hjoed gâns wurk te fersetten en wy moatte safolle mooglik tiid oerhâlde. It soe faaks de baas wêze, dat wy no meiïens—as it kin teminsten—ús middeismiel, it waarm iten, ek mar krigen. Dat skilde jo safolle en it skilde ús safolle'. Jonkman stie der ek by. Hy tochte, mar dit binne guon mei oerlis, dat ha 'k mar troffen fan 't jier! Hy seach de boerinne ris even oan. 'As dat koe', sei er, 'as dat koe!' 'No', sei de frou, 'dat komt net sa min út: ik ha de brune beantsjes net allinne te weak hân, mar ek al justjes foarsean, se moatte noch in lyts knikje ha. Dan sil ik gau wat spek briede. Binnen it kertier kin 't spul op 'e tafel stean'.
Se wachten in kertier en dêr stienen de panne mei brune beantsjes en it bret spek en it spekfet op'e tafel, en de fjouwer poepen foelen oan, krekt oft se noch neat hân hienen.
Doe't dat miel ek efter de knopen siet, sei ien fan harren: 'Wy soenen fansels noch mear tiid foar jo en foar ússels útsparje, as wy no meiïens ús jûnsbrochje ek krigen'.
'Sa mâl ha 'k it no noch noait heard', rôp Jonkman, mar hy tocht der oan, hoefier as de miede wol net efierút yn 'e krite lei. Dan koenen se jûn mar oan tsjuster ta troch dwaan. 'Kinne jim dat no fuort wol strûze?' frege er de poepen. 'Jawis wol, boer, dat kinne wy skoan, en dan ha wy ommers ferder de hiele dei ta ús foldwaan'.
'Sok iten ha 'k noch noait sjoen', sei de boerinne, 'mar dan sille wy dêr ek in set fan ha'. Dat se romme de tafel ôf fan it waarm iten en sette fuortdalik wer de brochjes en de kofje fan 'e jûns op. En de fjouwer poepen op 'e nij oan 't miel en der bleau gjin krûmel oer. In behindich pantsjefol sûpenbrij gong der ek noch troch.
Jonkman seach al ris op 't haloazje. Doe't alles dan lang om let beslikke wie, sei er: 'No jonges, dan sille jim no ek wol ris wat dwaan moatte!'
Doe sei ien fan 'e poepen—diskear wie it in oaren: 'Ja boer. Mar sjoch, wy binne altyd wend, as wy ús jûnsbrochje op ha, dan geane wy sa gau mooglik ûnder de tekkens, of teminsten yn 't hea. Want wy moatte moarns ier en betiid wer by de wurken wêze. Dat wy winskje jimme no mar goenacht!' En hoe ferheard as Jonkman ek seach, de fjouwer poepen, dêr't er it sa mei troffen hie, sochten it heafek op, berôlen har yn 'e kowedekken, en sliepten in gat yn . . . ja, wêryn?

Onderwerp

AT 1561 - The Lazy Boy Eats Breakfast, Dinner and Supper One after the Other    AT 1561 - The Lazy Boy Eats Breakfast, Dinner and Supper One after the Other   

ATU 1561    ATU 1561   

Beschrijving

Een boer huurt vier duitsers om werk voor hem te doen. De vier komen 's avonds aan en gaan na het eten meteen slapen. De volgende morgen krijgen ze ontbijt, maar ze zeggen dat er veel meer tijd voor het werken overblijft als ze ook meteen de lunch en het avondeten krijgen. Na het avondeten wil de boer ze aan het werk hebben, maar ze zeggen dat ze gewend zijn na het avondeten meteen naar bed te gaan, dus gaan ze weer slapen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.322-323

Commentaar

4 september 1978
The Lazy Boy Eats Breakfast, Dinner, and Supper One after the Other

Naam Overig in Tekst

grouster leechlân    grouster leechlân   

Hindrik Jonkman    Hindrik Jonkman   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20