Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE310 - De hûswet

Een mop (boek), vrijdag 14 april 1972

Hoofdtekst

De hûswet
Der wie ris in keapman, dy bleau wat ryklik lang frijgesel. Hy hie wol aardich sinten, dêr paste er tige op en hy wie o sa sunich, want hy wie deabenaud dat er se kwytreitsje soe. Doe op in kear trof er in kreas en aardich jongfaam en hy tocht: dit is se, leau 'k! Hy frege har en hja biet ta.
Mar doe tocht er, no ha 'k it allegear sa yn streken en ik ha in moai kaptaaltsje, dat moat nedich sa bliuwe—ik sil har mar goed oan 't ferstân bringe, dat se der sunich en kloek bylâns gean moat. Mar ja, ik kin der alle dagen net op 'e noas by stean, om te sizzen: Earst dit en dan dat, en sa moat it en sa. Doe tocht er, ik wit better—ik set it har op in papier!
Dat hy in boekje en doe skreau er op: moandeitemoarnen, te begjinnen, dan dogge wy dit en dogge wy dat. Sa let it iten oer, en dan sitten gean te naaien, en dan . . . alle dingen dy't se dwaan moast hie er moai op in listje en alle dagen hienen se der wat oars foar, wat se dan te dwaan hie.
Doe sei er: 'No—no ha 'k dy hûswet sa opskreaun yn dit boekje. Sjoch mar; as jo net witte, hoefier as jo binne, dan sjogge jo mar yn 't boekje; op sa'n manier kinne jo altyd witte, wat jo dwaan moatte'. 'Ja, ja, dat is ek sa', sei se.
It jong frommis hie dêr al in hekel oan, mar ja, hja koe der net bêst tsjinyn gean, tocht se—as de manlju wat seinen, dan hienen de froulju te swijen. Fandatoangeande wie it in oare tiid as no. Lykwols, hja tocht, ik sil dy dêrom noch wol ris krije, wachtsje mar!
En doe op in kear, it wie wat wiet, en hoe koe 't sa, de man glied út en rekke yn 'e feart, of yn 'e grêft, yn alle gefallen, it wie by hûs. En doe rôp er: 'Help my, help my!'
It jong wyfke wie bûtendoar, net fier ôf. Hja seach, dat de wâl steil en glêd wie, mar hy koe it bedjipje. Hy sil der sawat oan 'e hals ta yn stien hawwe. Hja gong gau yn 'e hûs en dêr kaam se wer bûtendoar mei it boekje yn 'e hân. Hja stie op 'e wâl en sloech de hûswet op. 'Help my!' sei er noch ris. 'Nee', antwurde se, 'it stiet net yn it boekje—dit is bûten de regel'.
Doe moast de keapman sels mar sjen, dat er wer op 'e wâl kaam. Dat slagge mei in bytsje gewraksel ek. Neitiid wie er al wat nofliker te brûken en de hûswet hat er noait wer oer praat.

Onderwerp

AT 1562B - Wife Follows Written Instructions    AT 1562B - Wife Follows Written Instructions   

ATU 1562B    ATU 1562B   

Beschrijving

Een rijke man trouwt eindelijk, maar is erg zuinig op zijn geld. Hij wil niet dat zijn vrouw zomaar alles uitgeeft. Hij stelt daarom de huisregels op, waarin precies staat wat de vrouw allemaal moet doen. Ze haat deze regels en wanneer de man een keer valt en om hulp roept, komt de vrouw erbij met het boekje en zegt dat ze niet kan helpen want dat staat niet in de regels. Sindsdien zijn de regels niet meer genoemd.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.323-324

Commentaar

14 april 1972
Wife Follows Written Instructions

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20