Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE312 - Sa wier as ik dizze panne omdraai

Een mop (boek), vrijdag 21 april 1972

Hoofdtekst

Sa wier as ik dizze panne omdraai
Yn 't foarige wie dat sa mei boeren, dan hienen se in hiel bult folk oan hûs. In Iytsfeint, in mulfeint, in grutfeint, ek noch wol in Iytsfaam en in grutfaam. It wienen allegear boaden dy't by de boer ieten en dronken. En yn 't aleare wie 't ek noch wol sa, dat hja dan meiïnoar út ien panne ieten. Dêr sieten se omhinne en elk iet sa Iyk foar him út dy grutte panne.
Doe op in kear wienen de Iytsfeint en de grutfeint tegearre oan 't wurk. En doe sei de Iytsfeint. 'Hast der wol om tocht, dat ús boer altyd it grutste stik fleis kriget? Dat leit altyd foar him'.
'Jawol', sei de grutfeint, 'dat ha 'k lang wol sjoen'.
'Dat is mar in raar spul—wy krije it Iytste hoekje'.
'No, dat kin wol oars. Dêr wit ik wol ried op; asto mar dochste wat ik sis. Sjoch, as wy no oerdei wer by de panne sitte, dan begjin ik mei in steil ferhaal, en do seist allinne mar: Dat Iychst allegearre! Mar dêr feroarje ik my net om —ik fertel gewoan troch. En dan seisto mar wer: Mar dat kin doch net wier wêze! Mar ik fertel gewoan troch. En op 't lêst seiste: Mar no kin men mei de klompen oan fiele, datst dat allegearre Iychste! Asto no mar dochste wat ik dy sein ha, dan krijsto hjoed de boer syn fleis'.
No, de oerdeis sieten se wer meiïnoar om 'e tafel. Ien grutte panne yn 't fermidden en elk soe wer ite wat der Iyk foar him oer te iten wie, mar de boer hie Iyk as altyd it grutste stik fleis foar him.
It miel soe oangean. Mar de grutfeint begûn te fertellen en de Iytsfeint sei hast fuortdalik al: 'Dat Iychst allegearre!' Lykwols, de grutfeint fertelde mar troch.
De Iytsfeint frege: 'Mar dit is net wier, wol boer?'
'Ei jonge, lit him mar fertelle', sei de boer, 'fuort mar'.
De grutfeint fertelde noch even troch, doe sei de Iytsfeint: 'Mar dit kin men mei de klompen oan wol fiele, datst it allegearre Iychste'.
Doe sei de grutfeint: 'It is krekt sa wier as dat ik dizze panne in healslach omdraai'.
En doe seach de boer raar op 'e noas, want dat grutte stik fleis lei krekt foar de Iytsfeint en dy hie it moai gau behimmele.

Onderwerp

AT 1568* - The Master and the Servant at the Table    AT 1568* - The Master and the Servant at the Table   

ATU 1568*    ATU 1568*   

Beschrijving

Tijdens de maaltijd proberen twee boerenknechten, een grote en een kleine, door middel van een list het grootste stuk vlees van de boer te bemachtigen. De grote knecht vertelt een verhaal en de kleine knecht roept "allemaal leugens". De boer wordt van zijn maaltijd afgeleid. De grote knecht draait dan de pan met het grootste stuk vlees om, zodat de kleine knecht het vlees kan bemachtigen. De grote knecht zegt dan dat dit even waar is als zijn verhaal.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.325

Commentaar

21 april 1972
The Master and the Servant at the Table

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20