Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE314 - Wa moat de skea no hawwe?

Een mop (boek), donderdag 28 november 1974

Hoofdtekst

Wa moat de skea no hawwe?
It is ris bard, dat in slachter de winkelsdoar iepen stean hie en doe kaam der in grutte hûn en dy raamde dêr gâns in hompe fleis wei. It fleis wie doedestiids noch net sa djûr, wy joegen foarhinne in kwartsje it pû, mar it jild wie doe ek krapper en mear wurdich. Dat doe't de slachter dy hûn mei de hompe fleis útnaaien seach, doe sei er: 'Ik soe wol ris witte wolle—by dit en by dat—wa syn grouwe hûn as dat is, want dy sil 'k op 'e hûd!' 'No', sei de kastleinske—dy wie krekt yn 'e winkel om in pûn gehak—'it is de hûn fan 'e abbekaat; jo witte wol, dy wennet dêr op 'e hoeke'.
By sa'n abbekaat wie wol wat te heljen, tocht de slachter, dat hy sette der mei faasje hinne. Hy sei tsjin 'e faam: 'Ik wol mynhear wol efkes ha. Ja, daliks, it driuwt, it is needsaak'. No, dan moast hy der mar efkes yn komme, mynhear wie op syn kantoar. Moai. Hy sei: 'Sa en sa, mynhear, ha 'k it hân. Ik wie efter yn 'e slachterij, en wylst stie de foardoar op, want it is moai waar en dan ha wy dat sa, dan kinne de minsken der mar yn komme. En doe hat in hûn in hiele klompe fleis fan minen meinommen. Mar no woe ik wol ris in fraach oan jo dwaan: wa moat de skea hawwe, ikke of de eigener fan dy hûn?'
'Sjoch', sei de abbekaat, 'dat sit sa: de man waans hûn it is moat betelje'.
Mar de slachter wie ek net sa gek. Hy sei: 'Sjoch, jo hûn hat it dien, mynhear. Dan binne we der gau'.

'Ja, sis jo dan de priis mar fan dat fleis'.
'Ik skat it op sa'n tweintich pûn', sei de slachter. In kwartsje it pûn, dus dat wurdt fiif gune'.
'Ja, no', sei mynhear, 'ja, ja, dat is goed. Fiif gûne, sizze jo. En dat moatte jo fansels ha. Mar ik moat myn lean ek ha foar it konsult, foar de goede rie dy't ik jo jûn ha. Dat is seis gûne'.
De slachter wie opsternaat. 'Seis gûne, seis gûne!' sei er.
'Ja', sei de abbekaat, 'wy sitte hjir net foar ús sûnens, mar om wat te fertsjinjen'.
De slachter smiet lilk ien gûne op 'e tafel. 'Hjir!' sei er, 'mar dan wol 'k jo ien ding fertelle- al barde it, dat dy smoarge, rottige hûn fan jo al myn fleis opfriet, dan wâde ik him folle earder yn 'e grûn, of ik sloech him dea mei de kneppel, as dat ik hjir wer op jo ta sette'.
Mar de abbekaat sei: 'Ik ha noch ien rie foar jo en dy kostet jo gjin sinten. Jo moatte by al jo fleis en spek, is 't wiet of is 't droech, in grut boerd sette, en dêr moat op stean mei grutte letters: Hjir meie gjin hûnen by!'

Onderwerp

AT 1589 - The Lawyer's Dog Steals Meat    AT 1589 - The Lawyer's Dog Steals Meat   

ATU 1589    ATU 1589   

Beschrijving

De hond van de advocaat steelt een groot stuk vlees van de slager. De slager vraagt aan de advocaat, die van niets weet, wie voor de schade moet opdraaien. De advocaat zegt de eigenaar van de hond, waarop de slager vijf gulden schadeloosstelling opeist. De advocaat antwoordt echter dat hij zes gulden krijgt voor zijn advies aan de slager.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.326

Commentaar

28 november 1974
The Lawyer's Dog Steals Meat

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20