Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE315 - Op eigen grûn

Een mop (boek), vrijdag 03 december 1971

Hoofdtekst

Op eigen grûn
By in boer wennen in feint en in faam. Dy twa waarden it roerend iens. Lyk as folle boeren woe ek dizze net lije, dat de boaden fan 'e selde pleats meiïnoar frijden. Dêr rekken de boer en de feint slaande deilis oer. Doe sei de boer tsjin 'e feint: 'No sil 'k it dy sizze: fan myn hiem ôf en noait der wer op. O wee, ast ien foet wer op myn grûn setste!'
'Dat is bêst!' sei de feint en hy gong fuort. Mar dy feint hie wol in pear sinten en hy túgde in hynder en wein oan en hy kocht in weinfol modder.
Hy ried by de boer op 't hiem en hâlde stil op it gielklinkertstrjitsje foar de doar. Sels stie er boppe op 'e fracht modder en hy kaam der net ôf. It hynder stie al gau wat te trippeljen; it swaaide om en kaam op 'e side fan 'e wein mei de kop nei de baas ta; it duorre it bist te lang. Doe gong de doar iepen.
Wat ha wy hjir?' sei de boer, 'ik ha dy ferbean om oait ien foet op myn grûn te setten!'
'Ik mei net op jo eigendom komme, mar ik stean hjir op myn eigen eigendom, op myn eigen ierdbol, kocht en betelle en beskreaun. En no kinne jo mar roppe wat jo wolle, mar jo jeie my net fan myn eigendom. Ik bliuw op mines en jo op jowes, en dan sille wy sjen, hoe fier as 't komt'.
`No', sei de boer, 'dêr kin 'k neat fan sizze'. Hy wie der mei oan. Hy gong wer yn 'e hûs en sei tsjin 'e froulju: 'Dat weinfol modder is sines, seit er, dêr kin 'k him net ôfjeie'.
'Mar ik wol dat smoarge hynder net op 'e strjitte ha', sei de boerinne, 'do moatst meitsje dat dat hynder der of komt!'
De boer wer nei bûten. Hy naam it âld hynderke by de jageline, mar doe't de feint de beweging seach, krige er gau syn bats en skepte de helte fan syn ierdbol fan 'e wein. Hy sette it hiele strjitsje ûnder de modder. En doe't de boer 'fuort!'sei tsjin 't âld hynder en de wein begûn te kreakjen, sprong de feint hânsum fan'e wein op syn modder.
Ear't er by de daam wie, seach de boer efterom. It wie sa stil bleaun op'e wein. 'Ho ris even, jonge!'sei er tsjin 't hynder. Hy rûn werom nei de feint en woe him fan 't hiem reagje.
'Nee, nee, sa sill' we net', sei de feint,'ik ha noch altyd myn eigen grûn ûnder 'e fuotten'.
'Ja', sei de boer, 'mar wolst dy modderboel wol ris even oprûmje!'
'Ik noait wer—ik mei net op jowes komme en ik wol jo net oan mines ha'.
De boer drige: 'Wês foarsichtich, watst dochste'.
'Wês jo foarsichtich—dit is myn eigendom'.
'Ja, mar do hast it by my op'e strjitte smiten'.
'Dat kin neat skille, dat dêr leit is mines en jo bliuwe der ôf'. Doe makke de feint dat er by syn hynder kaam en hy ried fuort.
Dy modder bleau dêr tiden lizzen, want de boer doarst der net mei de skeppe oankomme. Hy sei: 'Ik wol earlik wêze—it is mines net, en hy komt net'. De feint wachte krekt salang, dat de boer en hy wer in bytsje ynrantsoend wienen. Doe sei er: 'As jo no wolle, sil 'k it der wer in bytsje ôfplagje. Mar ik sil oppasse en skrabje myn ark mei 't meske ôf, want ik wol neat fan jowes ha en jo krije neat fan mines'. Doe't er it weintsje sawat fol hie, hat itselde âld hynderke him der wer wei lutsen. Hy sei: 'Ik wol net iens smoarge fuotsoallen fan jo grûn ha'.

Onderwerp

AT 1590 - The Tresspasser's Defence    AT 1590 - The Tresspasser's Defence   

ATU 1590    ATU 1590   

Beschrijving

Om een eind te maken aan het gevrij van het dienstpersoneel verbiedt een boer een knecht om nog op zijn grondgebied te komen. Met een paard en een wagen vol modder keert de knecht vervolgens naar de boer terug. Als de boer probeert om de knecht van zijn grondgebied te verjagen schept de knecht snel een hoeveelheid modder op het grondgebied van de boer. De knecht zegt dat de boer niet aan zijn modder mag komen. Verbolgen trekt de boer zich terug. Ook de knecht vertrekt uiteindelijk. De modder bleef er tijden liggen. Na verloop van tijd ruimde de knecht, overigens zonder ook maar een stukje grond van de boer mee te nemen, zijn modder op.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.327-328

Commentaar

3 december 1971
The Tresspasser's Defense

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20