Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE316 - De heale beleanning

Een mop (boek), woensdag 23 februari 1977

Hoofdtekst

De heale beleanning
Der wie ris in graaf, dy soe in feestdei hâlde foar útnoege gasten. Mar doe wie der gjin farske fisk. Dat wie de graaf tige yn 'e wei en hy loofde in protte jild út foar dejinge dy't him libbene fisk brocht. Dy koe mar sizze, hoefolle as hy der foar ha moast en dat krige er. Doe gong in earm fiskermants der demoarnes ier en betiid ôf. En ja hear, dêr fong er in pear dikke fisken, sokken as de graaf graach ha woe.
Dêr gong er mei nei it kastiel, mar der stie in wacht op `e wipbrêge en dy sei, doe't de fisker by him lâns stappe woe: 'Ho, ho! Dat giet sa mar net!'
'Hoe sa net?'frege de fisker: 'De graaf hat beloofd, wa't him farske fisk brocht, dy soe der in hiele protte jild foar ha. Hy koe mar freegje wat er ha woe'.
Doe sei de wacht: 'Do kinst er troch gean, mar dan moat ik de helte ha fan watst krigest'.
'Dat giet troch', sei de fisker, en hy kaam mei syn dikke fisken by de graaf.
'Hoefolle moatst hjir no foar ha', frege de graaf, 'want dit is my in protte jild wurdich'.
'Fyftich swypslaggen!'
'Nuver freegjen', skodholle de graaf,'witst it wol fêst?'
'Ja', sei de fisker,'fyftich slaggen'.
De graaf woe hjir mear fan witte en frege nei it hoe of wat.
'Jo moatte mar meikomme', sei de fiskerman, 'en fiifentweintich haw ik al útjûn oan 'e wacht dêr op 'e brêge, want dy woe der de helte fan ha'.
'Prachtich', sei de graaf en hy liet de beul roppe. Sa en sa, sei er: 'Do moatst dy wacht fiifentweintich hiele swiere swypslaggen jaan, en dit mantsje fiifentweintich bewyskes fan slaggen, dy't er by wize fan sprekken net iens fielt'.
No, de beul naam de wacht goed geweken, dy hat ûnthâlden, wat de heale beleanning betsjutte. Mar de fiskerman krige der noch in goudstik oerhinne.

Onderwerp

AT 1610 - To Divide Presents and Strokes    AT 1610 - To Divide Presents and Strokes   

ATU 1610    ATU 1610   

Beschrijving

Een graaf wil een feest geven maar de vis is op. De graaf belooft iedereen die hem levende vis brengt een hoge beloning. Een visser vangt een paar dikke vissen. Hij gaat naar de graaf. Een kasteelwachter wil hem echter alleen door laten als hij de helft van de beloning krijgt. De visser stemt toe en hij vraagt aan de graaf 50 zweepslagen als beloning. De graaf vindt het prachtig. De kasteelwachter krijgt de helft van de beloning, 25 harde zweepslagen, de visser krijgt de andere helft, 25 bewijzen van slagen, en een goudstuk.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.328

Commentaar

23 februari 1977
To Divide Presents and Strokes

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20