Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE318 - Mar fiif minuten

Een mop (boek), maandag 13 december 1971

Hoofdtekst

Mar fiif minuten
Der wie ris in boer, dy begrutte it altiten, dat syn hynders wol in bulte frieten, mar gjin molke joegen. Hy tochte, dêr moat ik wat op útfine—se moatte doch wol mei minder ta kinne. Lit my dat ris mei ien hynder besykje. Doe liet er dat hynder de earste deis trije oeren yn 't lân. Fierder hâlde er him op'e stâl, as er him net yn 't wurk hoegde te brûken. Dat gong bêst.
De twadde deis kaam it hynder mar treddeloere yn't lân. Dat gong ek bêst, en it die syn wurk noch like goed. De tredde deis hâlde it mei twa oeren op. Doe koe er de wein ek noch hiel wol lûke. Ik leau, it slagget, sei de boer, dêr kin 'k aansen in ko foar yn 't plak ha.
De sechste deis hie er it bist op in healoere. It lûken gong noch wol. Ja, hy waard der net fetter op. Yn 'e siden krige er streken op 'e bealich, dat wienen syn ribben. Hawar, it is ek gjin belch, tocht de boer. Dat heart der by.
Hy gong troch mei minderesearjen. Net mear mei healoeren tagelyk, mar mei fiif minuten. Hy kaam op in kertier. Op tsien minuten. En it gong hyltiten noch wol. De boeren dêromhinne wisten der ek al fan en dy wienen nijsgjirrich. 'Dêr stiet er no', sei de boer.
De oare deis kamen se wer: 'Wêr is 't hynder?' 'Hy hie 't omtrint rêden', wie it antwurd, 'it skeelde mar fiif minuten. Mar no is er fan 'e moarn deagongen. Spitich'.

Onderwerp

AT 1682 - The Groom Teaches his Horse to Live without Food    AT 1682 - The Groom Teaches his Horse to Live without Food   

ATU 1682    ATU 1682   

Beschrijving

Een boer wil erachter komen hoeveel minder zijn paard eten nodig heeft om toch te kunnen werken. In het begin liet hij het paard iedere dag een uur minder grazen. Na verloop van tijd verminderde hij de graastijd met vijf minuten per dag. Toen het paard uiteindelijk stierf scheelde het volgens de boer maar vijf minuten.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.332

Commentaar

13 december 1971
The Groom Teaches his Horse to Live without Food

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20