Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE330 - De pastoar, de koster en de stellene baarch

Een mop (boek), woensdag 19 december 1973

Hoofdtekst

De pastoar, de koster en de stellene baarch
In pastoar stie yn in boerestreek. It wienen dêr allegear Iytse boerkes en dy slachten by't hjerst in baarch. En alle parochianen brochten mynhear pastoar in knap stik fan 'e slacht, dat dy koe him wat spek, woarst en riezel oanbelanget de hiele winter skoan rêde. Sels hie er ek in baarch op 't hok, mar dy liet er net earder slachtsje as sa yn 't lêst fan maart. Men kin fan tinken wol ha, dat dan by dy Iytse boerkes it spek al wer krap begûn te wurden. Sadwaande koe de pastoar der hast net foarwei en jou op syn bar elkenien wat fan syn slacht. Dat parte wiid en it begrutte him ta de teannen út, want de earen sieten him deun oan 'e holle.
Doe't it wer safier wie, sei er tsjin 'e koster: 'Jonge noch ta; fatsoenlikerwize moat ik elkenien wol in hoekje fan myn baarch jaan, mar as men dat allegear sa besjocht, dan hâldt men al in bedroefd Iyts bytsje foar jinsels oer'.
'Ja', sei de koster, 'ja, as ik mynhear pastoar wie, dan soe ik besykje om my dêr mei in goochemheidsje ôf te meitsjen'.
'Hoe soenen jo dat dan oanlizze?' woe de pastoar witte.
'Wel', sei de koster, 'dy baarch hinget noch oan 'e Ijedder. Witte jo wat—wy bringe it spul hielendal efter yn 'e tún yn dat hokje. Dat stiet dêr ferskûle, de minsken witte neat fan dat hiele hokje ôf, en dêr bestopje wy alles ek noch ris goed. De minsken binne der wol mei op 'e hichte, dat jo hjoed slachte hawwe en se sille der, Iyk as oare jierren, moarnier wol op ôf komme. Mar dan binne jo har foar. Jo komme mar út'e hûs wei fleanen, en jo roppe: Myn baarch is fuort, myn baarch is fuort! Jo meitsje mar in protte misbaar en jo beare, dat jo it oanjaan sille'.
No, dêr wie de pastoar net sa hiele grutsk op. 'Dat is net botte netsjes', sei er.
'Ja', sei de koster, 'jo moatte witte, wat jo wolle, mynhear pastoar. Jo woenen jo spek net kwyt, en dan is dit de manier. Wy bringe it spul tegearre efterút en dan kraait der gjin hoanne nei. Jo nimme de Iju moarnier mei yn 'e hûs, jo wize op 'e kûpe: Dêr hat er sitten, sizze jo, alles hienen wy berêden, en fuort is de hiele baarch, út 'e hûs wei!' De pastoar liet him oerhelje. en tegearre brochten se de jûns by tsjuster de baarch nei syn skûlplak.
De oare moarns ier en betiid dêr stiet de pastoar by de koster op 'e doar te houwen. 'Wat is der no oan?' freget de koster ferheard.
'No is't wat', seit de pastoar, 'no is 't wat, want myn baarch is stellen!'
'Jo dogge it goed, mynhear pastoar. Werkelik wier, as jo it de minsken ek sa fertelle, dan is der neat te rêden'.
'Mar hoe bedoele jo dat?'
'Dat hienen wy doch ôfprutsen? Jo soenen sizze, dat dy baarch wie stellen'.
'Mar hy is stellen!'
`As men dat sa heart. mynhear pastoar—wier, men leaut jo. Dêr is gjin mis op— men móát jo leauwe. Jo komme der mei oandraven- no, gjin minske dy't it net fan jo oannimt!'
Mar de pastoar waard op't langelêst lilk, doe't dat sa noch wat trochgong. 'Wat tochten jo', rôp er, 'ik stean hjir net te ligen! Dy baarch is fuort!'
En de koster sei al wer: 'Mynhear pastoar, dat hear ik no wol! En ik haw jo al sein, jo dogge it knap!'
Wat de iene sei, wurke by de oare neat út en op 't lêst hienen se der dik rúzje oer.
De pastoar wit wol, dat syn baarch stellen is, mar hy wit hjoed de dei noch net, wêr't er te lâne kommen is.
Mar de koster wit it wol.

Onderwerp

AT 1792 - The Stingy Parson and the Slaughtered Pig    AT 1792 - The Stingy Parson and the Slaughtered Pig   

ATU 1792    ATU 1792   

Beschrijving

Een pastoor kreeg in de herfst van alle parochianen varkensvlees om de winter door te komen. De pastoor bezat zelf een varken, dat hij bewaarde voor na de winter. Tegen die tijd zouden de parochianen waarschijnlijk door hun voorraad varkensvlees heen zijn. Om een verdeling van het varken te voorkomen bedacht de koster een list voor de pastoor. Het varken zou in een hokje gestopt worden en de pastoor zou de parochianen wijs maken dat zijn varken was gestolen. Kort nadat het plan was uitgevoerd werd het varken daadwerkelijk gestolen. De koster had stiekem het onbewaakte varken ontvreemd.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.341-342

Commentaar

19 december 1973
The Stingy Parson and the Slaughtered Pig

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20