Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE372 - Dominy Cannegieter

Een mop (boek), zondag 17 december 1972

Hoofdtekst

Dominy Cannegieter
Dominy Cannegieter fan Warten mocht graach in slokje. Hy krige ek wol ris tefolle en dan moasten se him út'e sleatswâl helje. Op in sneontejûn bleau er wer fierste lang wei en doe gongen der in pear âlderlingen op út om him op te heljen, want hy moast de oare moarns preekje. Se fûnen him hjir of dêr en doe seinen se: 'Jonge, jonge, dominy, dit giet wol wat te bot, net?' Dat stimde er mei. Doe frege ien fan 'e âlderlingen: 'Doare jo no moarn wol op 'e preekstoel ferklearje dat wy jo dronken út'e sleatswâl helle ha?''Jawol', sei er, 'wachtsje mar ôf'.
De oare moarns stie er op 'e stoel en doe wachten se tige benijd ôf, wat er dwaan soe. Hy sei: 'En gisteren was ik dronken, zo sprak de goddeloze, en morgen zal't niet beter gaan'.

Onderwerp

AT 1839B - Sermon Illustrated    AT 1839B - Sermon Illustrated   

ATU 1839B    ATU 1839B   

Beschrijving

Dominee Cannegieter had op zaterdag een borreltje teveel op. Hij moest door een paar ouderlingen uit de slootkant gehaald worden. De ouderlingen vonden wel dat de dominee in zijn preek moest vertellen dat hij die dag dronken was. Tijdens zijn preek liet hij een goddeloze zeggen dat hij dronken was en dat het morgen niet beter zal gaan.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.364-365

Commentaar

17 december 1972
Sermon Illustrated

Naam Overig in Tekst

Cannegieter    Cannegieter   

Naam Locatie in Tekst

Warten    Warten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20