Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE379 - In grut wonder, dat ik hjir noch bin

Een mop (boek), donderdag 02 november 1978

Hoofdtekst

In grut wonder, dat ik hjir noch bin
As jo in leugenferhaal ha wolle, dan sil ik jo wol in dikkenien fertelle. Doe't ik oan 'e polder arbeide, kofjedronk ik in protte by de slûswachter. Dêr wie it gesellich; der waarde wol wat omlein dêr op 'e slûs.
Op in kear wienen wy ree mei kofjedrinken en ik soe der út, doe sei de slûswachter tsjin my: 'Moatst even sitten bliuwe! Dêr komt âlde Marten Fink oan, dy kin in moai ferhaal opdisse'. No, ik even wachtsje. Marten kaam yn. 'Hast noch wat belibbe, Marten, de lêste tiid?'frege de slûswachter. 'Ja', sei Marten, 'ik ha ferliden wike in rare loop makke'. 'No, fertel mar op!'
It wie moai waar, sei Marten, ik tochte, ik kin wol even nei de mar te fiskjen. Ik gong hinne en ik hie al ridlik gau in bearske fongen. Ik tochte, sisoa, no wol'k sjen, oft ik in snoek fange kin. En ja, jonge, ik ha in moai stevige angel. Ik it bearske der oan. Dat duorre even, dêr hie 'k der in snoek oan, in dikkenien. Mar yn pleats dat ik him út it wetter helle, loek hy my der yn. Mar ik hie myn berie by my, ik sprong him fuort op 'e rêch!
It wie krekt, jonge, as siet ik op in trijejierrich hynder. Ik tink, dat er wol fiif meter lang wie—no ja, hy kin dêrom ek wol in bytsje koarter west ha. En dat gong de mar op. Ik wie al gau myn klompen kwyt. Mar ik siet der goed fêst op. Hy hie in kop, jonge, as in interbolle. Ik hâlde him de hannen goed yn'e kiuwen. Ik tochte, dan kin er gjin kant út; hy moat my net alhiel únder wetter ha, want dan fersûp ik. Dat gong de mar yn 't rûn. Ut en troch raamde er wer in blei of in oare fisk, en dan klapte er de grutte bek ta, krekt oft der in doar ticht sloech.
Dat gong sa de hiele dei de mar yn 't rûn. Ik tochte, as er no mar net troch it Kanaal sjit, nei de Leien ta, en dan nei de Drachtster Wide le; dan bin 'k noch net gelokkich, want dat is in hiel ein fan hûs. Wie 'k hjir mar wer wei!
De hiele dei duorre dat, sei 'k al, hyltyd wer de mar rûn. En de jûnes, dêr skeat er op nei Skûlenboarch. Ik tochte, doe't wy in stikhinne oan 'e kant wienen, in pear meter der ôf—ik tochte, ik spring der ôf! Ik springe, en dêr stie 'k oan 'e middel ta yn'e drek.
Dat seach der raar út. Ik fuort wer yn 'e feart. Ik spielde my wat óf, dat doe waard ik sa'n bytsje skjin. En it wie al tsjuster, de lampen brânden. Ik moat mar nei minsken ta, sei ik tsjin mysels, want ik wie ek sa kâld as in hulder. Goed, ik nei minsken ta. Ik kloppe oan en dêr kaam in âld mantsje by de doar. 'Wat mankeart jo?' frege er. No, ik sei: 'Ik bin net dronken, mar sa en sa: ik ha in rare gisel makke'. 'No', hy sei, 'dan moatte jo it mar even fertelle'. En doe tsjin it âld minske: 'Dû meist earst wol in kopfol kofje mei wat brandewyn helje, want dizze man is ferklûme'. Ik wie blau fan 'e kjeld, jonge. Wy wienen yn 't efterhús. Doe sei er tsjin 't minske: 'Moatst mar sjen, ofst ek wat droech guod foar him fine kinste, want hy is as in slet'.
Ik krige wat droege klean fan him oan, in pear droege klompen sochten se ek foar my op en doe ha 'k dan ferteld, wat der foarfallen wie. 'In gelok, man', sei er, 'dat jo hjir noch binne, in grut wonder!' 'Ja', sei ik, 'in grut wonder, dat ik hjir noch bin'.
Yn alle gefallen, se ha in âld sek foar my opsocht en dêr ha 'k myn wiete krous yn dien. Sa bin 'k de ryksstrjitwei op kroaske en doe wie 'k al gau wer op 'e Burgerheide. De oare moarnes ha 'k syn guod yn 'e sek dien en dat ha'k der hinne brocht. Diskear op 'e fyts fansels.

Onderwerp

AT 1960B - The Great Fish    AT 1960B - The Great Fish   

ATU 1960B    ATU 1960B   

Beschrijving

Een man genaamd Marten vertelde een verhaal over een vijf meter lange snoek, die hij bijna had gevangen. In plaats dat hij de snoek uit het water haalde, haalde de snoek hem in het water. Marten reageerde snel door op de rug van de snoek te springen. Na de hele dag over het meer op de rug van de snoek rondjes gemaakt te hebben lukte het Marten om aan de kant te geraken. Hij was inmiddels in een heel ander gebied beland en bij de plaatstelijke bevolking wist hij wat droge kleren en warme koffie te bemachtigen. Het was een groot wonder dat hij dit avontuur had overleefd.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.369-370

Commentaar

2 november 1978
The Great Fish

Naam Overig in Tekst

Marten Fink    Marten Fink   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20