Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE381 - De beam fan wierheid

Een mop (boek), woensdag 19 januari 1977

Hoofdtekst

De beam fan wierheid
Ik wie in kweajonge fan sa'n jier of tsien, alve en ik hâlde in bulte by Jan Hepkes* en Tsjitske ta. En doe sei Jan Hepkes tsjin my: 'Gean dû ris yn dy beam!' In dikke ikebeam, hy koe fan ûnderen net omklamd wurde. 'Mar pas op, liich net, liich net!' seit Jan Hepkes, 'want dit is de beam fan wierheid. Dit is de beam fan wierheid! Der mei net liigd wurde'. Ik sei: 'Goed'.
Ik klom de hiele, gare dei en op 'e jûn kaam ik by in houdoosnêst. Dêr ha 'k my mar wat ierpels opbret en ik ha der de nachts slept, en de oare deis mar fierder. Mar ik mei net lige.
Dêr boppe siet in eksternêst. Mar ûnderweis, dêr trof ik allegear fan dy dikke rare fûgels mei krûme halzen—ielreagers. En dy kwêken om my hinne. Mar dêr klom ik trochhinne. It gong goed. Ik klom wer in hiele tiid en de tokjes waarden wat langer wat tinder. Op 't lêst siet ik yn 'e kop fan 'e beam. Doe kaam ik by it eksternêst. Dêr leinen fjouwer aaien yn. Ik die se yn myn petsje en ik wie noch mar in lyts eintsje nei ûnderen ta, doe briek der ien. Doe hie 'k noch trije. De djirre slobbere ik út myn petsje wei, want ik hie honger en toarst. En ik bin mei net ien thúskommen. Mar ik mei net lige.
Deselde jûne bin 'k wer kommen by it houdoosnêst. Dêr ha 'k de nachts wer yn slept en ik ha my earst wer wat ierpels opbret. Mar ik mei net lige, it is wier bard.
De oare deis, ik fierder nei ûnderen ta. Doe hienen se dêr in dikke bult sân hinne brocht. Dêr hienen se twa dagen oer dien. Ik frege mysels ôf, hoefier soe 't noch wêze? Ik rûsde it op in meter of fyftjin nei dy sânbult, mar it wie noch al wat mear. It wie doe ek al skimerjûn, ik koe 't net goed sjen. Mar ik mei net lige.
Ik sei, witste watst dochste? Ik ha myn nocht—ik spring yn dy sânbult. Ik sprong en dêr siet ik jandoasjemy kop en earen ûnder it sân en ik koe der net út komme. Doe ha 'k my in bats ophelle en my der sels út groeven. Ik mei net lige, mar it is wier bard. En no bin 'k der wer.

* Jan Hepkes Wouda, de grutte man fan 'e ligersferhalen. Sjoch 'De ring fan it ljocht', s.384-398.

Onderwerp

AT 1960G - The Great Tree    AT 1960G - The Great Tree   

Beschrijving

Een man vertelt dat toen hij een jaar of tien was in de boom van waarheid had geklommen. Hij mocht vooral niet liegen. Hij klom tot aan de top, waarin een eksternest zich bevond. Onderweg ziet hij vogels met lange nekken. Als hij weer naar beneden afdaalt is hij al een paar dagen onderweg. Het laatste stukje springt hij naar beneden. Tot aan zijn hoofd zit hij onder het zand, maar hij graaft zich er zelf weer uit. Het verhaal is waar gebeurd, omdat het de boom van waarheid is.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.371-372

Commentaar

herfst 1971 en 19 januari 1977
The Great Tree

Naam Overig in Tekst

Jan Hepkes Wouda    Jan Hepkes Wouda   

Tsjitske    Tsjitske   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20