Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE382 - Tiemersma

Een mop (boek), dinsdag 23 november 1976

Hoofdtekst

Tiemersma
Hy arbeidet yn it Batavusfabryk te Skoat, Tiemersma. Dy man is tige ferneamd; de hiele wrâld oer kenne se him. Op in kear is prins Claus yn Fryslân op wurkbesyk en hy besjocht ek it fytsefabryk fan Batavus. Hy buorket troch it fabryk mei in hiel escorte, njonken him de kommissaris fansels en de fabryksdirekteur fansels. Sa komt er ek yn 'e grutte hal, dêr't Tiemersma de gânske dei oars net docht as al mar syn iene skroefke fêstdraaie. Wel, de prins hat him noch net sjoen of hy fljocht op him ta mei de hân foarút, en dat is: 'Tiemersma, keardel, keardel, hoe is't?''Bêst', seit Tiemersma, 'poerbêst moat ik sizze. En is 't mei jo en Beatrix ek goed?' 'Ja, merakel!'
No, fansels, de direkteur stiet mei de earen te flapperjen, en prins Claus hat amper de hakken licht, of Tiemersma wurdt by de direkteur op 't kantoar roppen. De direkteur sit efter syn buro en barst los: 'Tiemersma, hoe ha 'k it no—wat betsjut dit?''Och', seit Tiemersma, 'al dy minsken dy ken ik goed en my kenne se ek goed. Ik bin tige mei har befreone, nammers op paleis Soestdijk bin ik ek oatus en toatus'.
It woe de direkteur net rjocht oan, mar in oardel jier letter docht de keninginne in omgong troch Fryslân en besiket lyk as skoansoan it Batavusfabryk. En sjedêr— itselde spilet him wer ôf. Noch mar krekt is se yn 'e grutte hal dêr't Tiemersma syn deistich skroefke sit te draaien, of se stoot op him ôf: 'Tiemersma, hoe is 't mei jo?' 'Tige by tige, majesteit'. 'En is 't mei de frou ek goed?' 'Ja, bêst by 't spul, en jo moasten foaral de groetenis ha'.
No, doe wie de direkteur der glêd yn wei. Hy koe hast net ôfwachtsje dat er de keninginne útkonfoaid hie, fuortdalik moast Tiemersma wer op 't kantoar komme. 'It is wrychtich wier, mynhear', seit Tiemersma, 'ik ken al dy minsken en al dy minsken kenne my. Sels de paus bin ik tige befreone mei'. Stomstiif stil sit dy direkteur efter syn buro. Op 't lêst seit er: 'Dat woe ik dan wol ris sjen—dêr ha 'k in gokje foar oer. Doare jo it oan en gean mei my nei Rome? As it ier is wat jo sizze, dan stean ik foar de reiskosten, en oars betelje jo se'. 'Dat kin 'k skoan aventoerje', seit Tiemersma.
It wie by 't simmer, yn Tiemersma syn fakânsje fansels, doe fleagen se tegearre nei Rome. Earst beseagen se de stêd wat, en njonkenlytsen bedarren se op it Sint Pitersplein. It wie der swart fan 'e minsken. 'Wat is hjir te rêden?''No', antwurden de lju om har hinne, 'de paus komt sa dalik op 't balkon'.
'Dan moat 'k avenseare', seit Tiemersma tsjin 'e direkteur, 'jo moatte even tiid dwaan. Ik wit hjir de wei, ik gean troch de efterdoar en dan ferskyn ik aansen wol mei de paus op it balkon'. En sikerwier, in kertierke letter dêr steane de paus en Tiemersma op it balkon.
Wer in healoere letter, it Sint Pitersplein is al leechrûn, dêr komt Tiemersma werom by syn direkteur. Hy sjocht him oan—de direkteur stoarret noch ferbjustere om him hinne en hy is sa wyt om 'e holle as in kalken muorre. 'Direkteur!' freget Tiemersma, 'wat is der mei jo bard?'
'Och, Tiemersma', seit de direkteur, 'jonge, doe't wy hjir op it Sint Pitersplein oankamen, en doe't jo seinen: Ik gean wol even troch de efterdoar, doe woe 'k it al leauwe. En doe't jo dêr mei de paus op 't balkon kamen, doe waard ik dêr oars noch oars mear fan, mar njonken my stie in Amerikaanske offisier en dy frege: Wa is dat eins, dy't dêr neist Tiemersma op it balkon stiet?'

Onderwerp

VDK 1924* - De man die iedereen kende    VDK 1924* - De man die iedereen kende   

Beschrijving

Tiemersma is een man die in de fabriek van Batavus werkt. Als de directeur merkt dat Tiemersma de prins en de koningin persoonlijk kent is hij erg verbaasd. Tiemersma beweert zelfs de paus te kennen en om dit te bewijzen gaan beiden op kosten van de directeur naar Rome. Als Tiemersma dan naast de paus op het balkon staat spreekt een Amerikaan de directeur aan met de vraag wie er nou naast Tiemersma staat.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.372-373

Commentaar

23 november 1976
De man die iedereen kende

Naam Overig in Tekst

Tiemersma    Tiemersma   

Claus    Claus   

Beatrix    Beatrix   

Amerikaan    Amerikaan   

Batavus    Batavus   

Skoat    Skoat   

Naam Locatie in Tekst

Rome    Rome   

Friesland    Friesland   

Sint Pietersplein    Sint Pietersplein   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20