Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE397 - Baas smid fan Warten

Een mop (boek), dinsdag 07 november 1972

Hoofdtekst

Baas smid fan Warten
De Wartenster smid koe ôfgryslik reedride. It wie mear as mâl, hoe'n gong as dy man altyd hie. Op in kear kaam er foar in wek, mar hy hie sa'n flecht, dat hy sweefde der rojaal oerhinne, sûnder kantroeren. It wek wie miskien in trije, fjirdeheal meter breed.
Hy wie oan 'e oare kant fan it wek en doe hearde er ynienen in stim: 'Tankjewol, baas'.
'Wat no?'frege er.
'Ik siet yn 't wek, en wier, ik hie ferlern west, mar doe kamen jo. Ik ha jo even by de foet krige en jo ha my der út sweefd'.
'Der haw ik neat fan fernommen'.
'Dat kin wol wêze, mar oan jo ha 'k myn libben te tankjen'.

Beschrijving

Een smid uit Warten kon heel hard schaatsrijden. Op een keer zweefde hij over een groot wak. Plotseling hoorde hij "dankje wel baas". Iemand die in het wak lag had de voet van de smid weten vast te grijpen en hij had zich zo uit het wak weten te trekken.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.382-383

Commentaar

7 november 1972

Naam Overig in Tekst

Wartenster    Wartenster   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20