Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ypfoe408 - Jelle as mier

Een mop (boek), dinsdag 14 februari 1978

Hoofdtekst

Jelle as mier
Fan Jelle de Wal wurdt ek dat ferhaal fan it harspit ferteld—mar dat wurdt rûnom ferteld. 'Doe't ik noch yn 'e krêft fan myn libben wie, koe ik deis oardel mêd meane. Fierder ha 'k it noait bringe kinnen'. Sjoch, dat wie Jelle syn beskieden manier fan fertellen. Mar in gewoane mier meant deis in mêd en dêr het er syn meuch oan. Mar doe in kear hie Jelle in dei, dat it tige snije woe. Hy hie krekt tefoaren harre, en der wie net ien dy't tsjin him seineharje koe. En goed harjen is 't heale meanen, of noch mear. Yn alle gefallen, de seine wie skerp, hyfluite der troch.
'Ik tochte', fertelde er dan, 'ik helje hjoed de twa mêd'. Mar dan moast er eins noch al even wer harje, want op't lêst die dy seine it doch net mear sa goed. 'Dat ik socht om myn harspit. Ik koe it nearne fine. Ik op't lêst ûnder de sweeën sjen, en dêr fûn ik de kop. Wat die bliken? Ik hie fergetten om it harspit út 'e grûn te lûken en ik hie de kop der ôf meand. Sadwaande is 't him mei dy twa mêd doe net wurden'.

Onderwerp

VDK 1888A* - De kop van het haarspit afgemaaid    VDK 1888A* - De kop van het haarspit afgemaaid   

Beschrijving

Jelle kan zijn zeis zo goed scherpen dat hij ongemerkt tijdens het maaien de kop van het haarspit heeft afgemaaid. Het haarspit was hij vergeten uit de grond te halen. Nu kan hij de zeis niet meer scherpen en dus niet de twee maal vijftig hectare maaien wat hij wilde.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 390

Commentaar

14 februari 1978
De kop van het haarspit afgemaaid

Naam Overig in Tekst

Jelle de Wal    Jelle de Wal   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20