Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ypfoe415 - Men moat jin witte te rêden

Een mop (boek), maandag 17 oktober 1977

Hoofdtekst

Men moat jin witte te rêden
In eintsje bûten de buorren, in bytsje op harsels, wennen in pear jierrige minsken. It wienen ienfâldige lju. Rom hienen se't net, mar mei in hoekje grûn by it hûs, dêr't in skiepke op weidzje koe, mei wat hintsjes en mei in barchje op 't hok skarrele dat aardich. Se wienen tefreden en neat brek.
Se soenen sa bliid as bern west hawwe, as it mei de âld baas syn sûnens mar wat better sprekken lije kinnen hie. Hy hoaste soms bot en hy waard sa krebintich as in kroade. Doe ornearren se, der moast mar ris yn foarsjoen wurde en hellen se dokter oer de flier. Dokter bekloppe en beharke de âld man wakker en doe sei er: 'No krije jo fan my wat puiers; dêr moatte jo trije kear deis safolle fan ynnimme as op in stuorke lizze kin. Goed ôfpraat?' De puiers kamen, mar doe wie it wat, want hoe't se ek sochten, nearne koenen se in stuorke fine. Mar it âld minske wie snoad, dy wist har te behelpen.
Lykwols, doe't dokter mei in pear dagen wer kaam, fûn er de man frijwat minder. Hoe koe dat? 'Ha jim krekt dien sa't ik sein ha? Ek krekt safolle ynnommen as ik foarskreaun hie?' 'Wis dat', sei it åld wyfke, 'ja sjoch dokter, in stuorke hienen wy net, mar doe ha wy ús mar mei fiif sinten ret'.

Onderwerp

VDK 1349n*** - Zoveel als op een stuiver kan    VDK 1349n*** - Zoveel als op een stuiver kan   

Beschrijving

Een oude man krijgt van de dokter een poeder voorgeschreven waarvan hij elke dag drie maal de hoeveelheid die op een stuiver kan liggen, moet innemen. Zijn vrouw kan geen stuiver vinden, maar wel vijf centen en geeft hem de hoeveelheid die op de vijf centen liggen kan. De toestand van de man is verslechterd als de dokter na een paar dagen weer langs komt.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 394

Commentaar

17 oktober 1977
Zoveel als er op een stuiver kan

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20