Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ypfoe422a - Bang of net bang

Een mop (boek), donderdag 20 december 1973

Hoofdtekst

Bang of net bang
Net sa fier fan 'e Eastermarre tsjerke - de âlde tsjerke dan, dêr't no allinne mar in toer fan oer is - stie in pleats en dêr waard winterdei terske. De arbeiders en de feint wienen dêrmei dwaande, en dan kaam der ek sa wol ris ien by te sjen.
Op in kear sloegen der ek in pear jonges by om, dat wienen soannen fan 'e jonkheer van Sminia. Dy hie dêr in slotsje yn Eastermar. En och, wat gekheid meitsje. Mar de feint hie net folle te keap, want dy hie sa'n ferskrikliken lêst fan in kies. Hy fergong hast fan 'e pine yn 'e mûle. Doe seinen se tsjin him: 'Der is al in middel foar. Do moatst jûn nei it tsjerkhôf gean en helje út dat hokje, it bonkehokje, in minskebonkje en stryk dat ris goed oer dyn kaak, dan is de pine yn 'e mûle oer'.
No, dy feint woe der wol ris ôf wêze. Dus doe't it skimerjûn wie, doe sette er nei 't tsjerkhôf ta. Doe wienen de beide jonkers al fuort, mar dy soenen in grapke úthelje. Se krûpten yn dy bientsjekou, dat bonkehokje.
En dêr kaam de feint oan. Skruten fansels, want dat is men op it tsjerkhôf altyd wat. Hy gong foarsichtich - it wie ek al aardich tsjuster - nei dat hokje ta. Hy soe gau in greep dwaan, en ynienen komt dêr in stim út it hokje en dy ropt: 'Net fan myn bonken, hear!'
Hy waard sa kjel, dat hy is hals oer de kop nei hûs ta stood.

Beschrijving

Een man heeft kiespijn. Anderen zeggen tegen hem dat hij dan in het knekelhuis op het kerkhof een bot moet pakken en dat tegen zijn kaak moet aanwrijven. De man wil van de pijn af en gaat naar het knekelhuis. De anderen willen een grap uithalen en zijn daar ook. Als de man een bot pakt, roept een van hen dat hij van zijn bot af moet blijven. De man rent hals over kop naar huis.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 399

Commentaar

20 december 1973

Naam Overig in Tekst

Van Sminia    Van Sminia   

Eastermarre    Eastermarre   

Eastermar    Eastermar   

Van Sminia    Van Sminia   

Naam Locatie in Tekst

Eastermarre    Eastermarre   

Eastermar    Eastermar   

Oostermeer    Oostermeer   

Plaats van Handelen

Oostermeer    Oostermeer   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20