Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE427 - Petrus en de pias

Een mop (boek), dinsdag 12 december 1978

Hoofdtekst

Petrus en de pias
In kening hie in pias yn tsjinst, in soarte fan hofnar dus, en dy pias hie in skerp sneedsje ûnder de noas, mar elk wie gek mei him. Hy betocht in heap moaie, mar ek wol brike setten, dêr't it hof wakker wille om hie, mar o wee wa't it by him bedoarn hie. Dy mijde er net.
Hy tsjinne en oerlibbe trije keningen, mar doe't er hûndert jier âld wurden wie kaam foar him doch ek de ein. Doe kloppe er oan by de himelpoarte en Petrus sels die iepen. 'Wa binne jo?' 'Sjogge jo dat net? Ik bin de ferneamde pias fan dy en dy kening'. 'Oh ja?' sei Petrus, en hy tocht dalik by himsels, dy keardel moatte we hjir net ha—dy brings de boel yn ûnstjoer! Dat hy sei: 'ja, no muoit my tige, mynhear de pias, mar op it stuit sitte wy hjir fol, der kin net ien mear by. Jimme dêr op ierde fjochtsje en moardzje en oarlogje sa, dat wy kinne de sielen ûnmooglik sa gau opnimme. No binne wy al dwaande mei it spul út to wreidzjen, mar wy kinne alles sa gau net foarinoar krije. Dat jo sille noch in skoftsje tiid dwaan moatte'.
'Och heden', sei de pias, 'no ha 'k krekt foar it eksamen west; der is my sein, ik mocht der wol yn en no stean ik hjir. Dit wiist ek wer nuver—al dy oare Iju binne der wol yn, en no ikke net! Dat moast eins wet skikt wurde. Der binne in hiele bulte, dy hâlde hjir al tiden en ieuwen ta—ik soe sizze, lit ien fan harren no mar even bûtendoar sitte, salang as jim oan 't fertimmerjen binne'. 'Jamar', sei Petrus, 'hoe wit ik, wa't hjir al lang sit? Alle sielen binne gelyk, wy kenne se net útelkoar'. 'Mar ikke wol', sei de pias. 'Ja?' frege Petrus. 'Ja wis! Wa hat hjir it langst sitter?' 'No', sei Petrus, 'dat is Adam fansels'. 'Dan is it neat allegearre! As jo my der fiif minuten yn litte, kom ik mei Adam werom'.
Doe koe Petrus der min mear foarwei. 'Toe den mar', sei er, 'mar wy hâlde foar ôfpraat: mei fiif minuten binne jo hjir wer'.
En sikerwier, binnen de fiif minuten der kaam de pias by Petrus werom. 'No, hjir ha 'k him', sei er, 'dizze dy't ik by de earm ha. Hy wol der neat fan witte dat er Adam is, mar dat is gekheid, it is him sekuer'.
'Yn 'e fredesnamme, hoe sjogge jo, dat dit Adam is?'
'Wel myn goede man', sei de pias, 'dat hienen jo ek wol sjen kinnen. Adam is de earste minske—sadwaande hat er gjin nâle'.

Beschrijving

Een pias overleeft drie koningen en gaat op honderdjarige leeftijd toch naar de hemel. Eenmaal aangekomen bij de hemelpoort doet Petrus zelf open maar voorziet onrust en weigert hem binnen te laten onder het mom dat ze vol zitten en bezig zijn uit te breiden. Hij moet nog even wachten. De pias vindt het oneerlijk dat hij buiten moet wachten en anderen die er al lang zitten, kunnne blijven en stelt voor dat in plaats van hem Adam even buiten de poort wacht, omdat deze de oudste bewoner is. Petrus gelooft niet dat de pias hem zal vinden, maar binnen vijf minuten komen ze allebei terug. Aangezien Adam de eerste mens is, heeft hij geen navel en is zodoende makkelijk te herkennen.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.402

Commentaar

12 december 1978

Naam Overig in Tekst

Petrus    Petrus   

Adam    Adam   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20