Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ002218

Een sage (mondeling), september 1954

Hoofdtekst

Us heit hie de twaddedeis-koarts krigen yn Grypskerk op 'e klaei, dêr't er by de boer arbeide hie.
Hy koe dy kwael net wer kwyt wurde, ek net doe't er wer nei Grypskerk tagong. Hwant it sizzen wie altyd, dêr't men de kwael skipe hie, moest men der ek wer fan forlost wurde. Hy mastere mei allerhande dokters, wol seis jier lang. Mar baet foun er net.
Doe kom der ris in jeneveroaljekoop by de doar.
Dy hearde fan heit syn kwael. Hy sei: "Ik wyt wol in middeltsje."
Heit moest drinke út in smarge moddersleat. Dêrnei moest er wyt guod ynnimme, safolle as op in dûbeltsje lizze koe. Dan wer in swolch fan dat smarge wetter ynnimme.
Doe moest heit koarje. Hy rekke de koarts kwyt. Dat wite guod wie rottekrûd.

Onderwerp

TM 4302 - Volksgeneeskunde    TM 4302 - Volksgeneeskunde   

Beschrijving

De vader van de verteller heeft een keer griep gekregen. De kwaal is een jaar lang gebleven. Op een dag ontmoet de vader een man die een medicijn weet voor zijn kwaal. De vader moet water uit een moddersloot drinken en rattekruid eten. De vader geeft over en is verlost van zijn kwaal.

Bron

Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 22, verhaal 18

Commentaar

september 1954
Volksgeneeskunde

Naam Locatie in Tekst

Grypskerk    Grypskerk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21