Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ002219

Een sage (mondeling), september 1954

Hoofdtekst

Der wenne yn Readskuorre in fanke, dat koe pine stilje. Sy hie de magneet yn 'e hannen. Op in kear hie de boer trije hoklingen by harren yn 't lân en dy rekken alle trije yn 'e feart. Hy koe se der mei gjin mooglikheit wer útkrije. Doe gong er nei de pleats, dêr't it fanke wenne, en frege har mem of de manlju ek thús wienen. Dat wie 't gefal net, mar de dochter sei: "Ik sil wol even mei." Sy rôp de hoklingen alle trije ien foar ien by de namme en sy kommen alle trije by har en se dienen har neat.
Sy woarde greater en âlder en sy krige forkearing.
Har feint handele yn hynders. It soe de oare deis hynstemerk wêze. De feint sei: "Dêr gean 'k hinne. Dêr kin 'k myn slach slaen."
Mar syn faem sei: "Dêr soe 'k mar net hinne gean as ik dy wie."
Mar hy sei: "Dêr gean 'k àl hinne, hwant dêr bin 'k alle jierren en ik fortsjinje dêr altyd goed."
Sy sei: "Dan is ús forkearing út. Nou matstû it mar wite. Ik ha dy warskôge."
Hy sei: "'t Sil wol hwat tafalle. Dêr ha 'k gjin noed mei." Hy die dus syn eigen sin en gong nei de hynstemerk. Lyk as altyd gong er achter de hynders lâns.
Hy liet de hynders bidrave. Op in oar plak gong er wer achter in hynder stean. Mar dat hynder joech him in klap, dat hy wie opslach dea.
Der woarde biricht brocht by syn folk thús.
Doe moest syn faem ek biricht ha. Ien fan 'e famylje gong skriemend nei har ta.
Se sei tsjin har: "It stiet der net bêst foar. Ik màt it sizze en ik doàr it net sizze, hwant der is in ûngelok gebeurd."
"Ja," andere de faem bidaerdwei, "dat wyt ik wol. Myn feint is deaslein troch in hynder."
"Hoe kinne jo soks wite?"
"Dat ha 'k wol twa jier witen, dat dit ûngelok gebeure soe en dat him dit oerkomme soe. Mar ik hie him warskôge, dat it is fan myn skouders ôf."

Beschrijving

Een meisje in Readskuorre heeft bovennatuurlijke gaven. Ze heeft invloed over dieren en ze kan de toekomst verspellen. Ze heeft de dood van haar vriend voorspeld.

Bron

Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 22, verhaal 19

Commentaar

september 1954

Naam Overig in Tekst

Readskuorre    Readskuorre   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21