Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ002405

Een sage (mondeling), donderdag 31 maart 1966

Hoofdtekst

Jan Durks wie us in kear om sinten út foar syn folk. Guon fan syn arbeiders wisten dat. 't Wie op 'e joun en tsjuster. Jan Durks hie in protte jild by him yn 'e riem. Hy roan de Bûtewei del. Doe hearde er hwat. Hy tocht: ik mat foarsichtich wêze mei al dat jild by my. Doe lei dêr oan 'e kant fan 't paed in omkearde âld skou. Dêr krûpte Jan Durks ûnder. Even letter, dêr kommen twa man oan, dy gongen op dy omkearde skou sitten.
Jan Durks hearde alles hwat se tsjin elkoar seinen. Sa kom er to witen, dat se him oanfalle woenen en him fan 't jild birove. 't Wienen twa fan syn arbeiders.
"Hy mat hast komme", sei de iene.
Mar omdat er net kom, roannen se fierder en doe makke Jan Durks gau dat er thús kom.
De oare moarns wienen dy beide arbeiders wer op 't wurk. Jan Durks praette nergens oer. Mar doe 't it saterdei wie, sei er: "Nou hoeve jimme beiden net wer to kommen."

Onderwerp

VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot    VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   

Beschrijving

Jan Durks wil zijn arbeiders betalen, en loopt rond met een grote pot geld. Hij hoort onderweg mensen aankomen, en verstopt zich onder een oud bootje. Zodoende hoort hij dat twee van zijn werknemers hem willen beroven. Hij doet net alsof hij van niets weet, maar ontslaat ze toch binnen zeer korte tijd.

Bron

Corpus Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 24, verhaal 5

Commentaar

31 maart 1966
De man onder de omgekeerde boot

Naam Overig in Tekst

Jan Durks    Jan Durks   

Naam Locatie in Tekst

Bûtewei    Bûtewei   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21