Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ002415

Een mop (mondeling), donderdag 31 maart 1966

Hoofdtekst

Der wienen 3 poepen, dy woenen de Fryske tael leare. Doe kom der in heit oan mei syn jonge.
"Sjoch heit, trije poepen", sei de jonge.
"Trije poepen, das wil ik entholden", sei de iene poep. Even fierder siet ien to melken. "Om kou", sei dy. "Om kou. Das wil ìk entholden", sei de twadde poep. Wer even fierder wie in timmerman oan 't skaevjen mei in planke. Hy seach der ris by lâns en sei: "Dat is rjocht."
"Dat is rjocht. Dat wil ìk entholden", sei de trêdde poep.
Doe kom der in pelysje oan, dy sei tsjin de trije poepen: "Der is hjir ien formoarde. Wite jimme ek hwa't dat dien hat?"
"Trije poepen", sei de iene.
"Soa, trije poepen", antwurde de pelysje. "Dat binne jimme dus. En, hweròm ha jim dy moard dien?"
"Om kou", sei de twadde.
"Soa, om 'n kou," sei de pelysje, "kom mei nei 't galgefjild."
"Dat is rjocht", sei de trêdde poep.

Onderwerp

AT 1697 - "We Three; For Money"    AT 1697 - "We Three; For Money"   

ATU 1697    ATU 1697   

Beschrijving

Drie Duitse maaiers ("poepen") willen Fries leren en pikken zo hier en daar wat woordjes op, met als gevolg dat ze voor moord opgehangen worden.

Bron

Corpus Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 24, verhaal 15

Commentaar

31 maart 1966
"We Three; For Money"

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21