Hoofdtekst
Gjert Bargerbos hie gedoente mei de kweade. Dat wie wol bikend. Hy kom wol ris by ús heit (Dat wie reade Haite, as riedsman tige bekend yn 'e Harkema).
Op in kear doe wie mem allinne thús. Sy hearde him bûten praten tsjin ien. "Hienen jo de houn by jo?" frege se. "Welné", sei Gjert. Mar mem hie dúdlik heard, dat er sein hie: "Dû mast dêr even bliuwe." Dat doe wist se it wol tsjin hwa't er it hawn hie. Sy woarde deabinaud en sy hat him der mei list wer útkrige.
Gjert Bargerbos joech it wiif gjin jild om to húshâlden en it wie slim sa't er har pleage.

Beschrijving
Een man houdt het met het kwade. Hij praat tegen onzichtbare dingen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 26, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
2 april 1966
Naam Locatie in Tekst
Gjert Bargerbos   
Haite   
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21