Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ002604

Een sage (mondeling), zaterdag 02 april 1966

Hoofdtekst

Us mem hat 25 jier skroare foar oaren. Sy kom ek wol by in âld man, dy wenne by de soan yn, dy't troud wie. De âld man wie in tsjoenster. Syn eigen soan doarst dêr wol foar út to kommen.
Op guon plakken hat er it fé wol bitsjoend, foaral bargen. Dat gebeurde ek ris by lju dy hienen in winkeltsje. De man wie dy deis nei Ljouwert ta om winkelwaren. Sy hienen twa bargen yn 't hok.
Doe't er thúskom en de bargen fuorje soe, woenen se net frette.
"Hat dy âlde Hindrik hjir ek west?" frege er. Ja, dat wie 't gefal. Doe hat er de âld man it hiem forbean.
Hy kom ek op in plak, dêr hat er in jonkje bitsjoend. Dat bern woarde sa siik, dat de heit sei op in kear: "Ik gean moarn bitiid nei Kûkherne ta, nei Greate Wopke." Mar dat woe dy âld keardel keare. Doe't de heit fan it bern de oare moarns út bêd kom, koe er syn klean earst noait fine. En hy koe ek net sjen hoe let it wie, hwant it horloazje stie. En der wienen twa fremde swarte katten yn 'e hûs. Sels hienen se gjin katten. Hy jage se der út, mar sy bleauwen mar om 't hûs hinne strunen.
Hwat is dit hjir doch, sei er tsjin 't wiif. Op 't lêst foun er syn klean, mar hy koe noait yn 'e broek komme. Dat wienen allegear de kunsten fan dy âlde Hindrik. Hy rekke yn 'e ûnderbroek fuort en klaeide him oan by syn buorman. Doe gong er nei Wopke ta. Dy sei: Jimme matte it kessen mar us iepenknippe, dêr't it bern op leit. Doe joech er in fleske mei guod mei. Mar dat mocht er in oar net sjen litte. Doe't er thúskom, woarde it kessen iepenknipt. Der sieten krânsen yn fan allerhande lapkes, swarte, bûnte en alsamear.
Doe kom âlde Hindrik der oan. Mar de frou sei: "Salang ús bern siik is meije jo hjir net komme." Mar hy hie 't fleske mei guod al sjoen. Hy nom it en it barste yn syn hân.
Doe moesten se opnij nei Kûkherne ta. It bern woarde wer better. (Dit barde yn 'e Harkema)

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een vrouw, die naaister was, kwam wel eens bij een oude man over de vloer, die tovenaar was en bij zijn zoon inwoonde. De oude man betoverde wel vee, vooral varkens, bijvoorbeeld bij een winkelier. Die verbood hem dan ook voortaan op het erf te komen. Ook heeft hij een keer een jongetje betoverd, die werd zo ziek dat zijn vader een medicijn ging halen. Maar de oude man toverde zijn kleren weg, en zijn horloge stond stil, en er liepen ook twee vreemde zwarte katten rond het huis. De genezer gaf een flesje met medicijn en zei dat ze ook maar eens in het kussen van de jongen moesten kijken, en waarachtig: er kwamen allerlei zwarte en gekleurde kransen uit het kussen. Toen de oude man langskwam, werd hij weggestuurd, maar hij zag het flesje met medicijn en maakte het kapot. Toen moesten ze weer een nieuwe gaan halen. De jongen werd weer beter.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 26, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

2 april 1966
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Hindrik    Hindrik   

Greate Wopke    Greate Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Kûkherne    Kûkherne   

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21