Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ002605

Een sage (mondeling), zaterdag 02 april 1966

Hoofdtekst

Ruerd van der Veen wie de greatste spotter fan 'e Harkema. Elkenien wie bang foar him, hwant hy wie oan 'e duvel forkocht. Hy wie timmerman en hy timmere oan in plaets op it Bomkleaster. Op 'e joun soed er wer op hûs yn. De bak mei ridskip - de beitel, de sage ensa - hied er op 't skouder. Tusken 't Bomkleaster en Readskuorre bin 't allegearre houtsjes oer de sleatten. Dat is noch sa. Ruerd soe oer in houtsje hinne, doe stie oan 'e oare kant fan 't houtsje in kreep frommes mei in lange bûnte skelk foar. Doe't hy in foet op 't houtsje sette, sette dat frommes ek in foet op 't houtsje. Doe sei er: "Hwa fan ús beiden sil der 't earst oer?" Mar hy krige gjin antwurd. It frommes sei neat. Doe die Ruerd wer in stap. Mar dêr ynienen woarde er troch it frommes opnom en sy smiet him wit hoe fier it lân yn. Syn bak mei ridskip kom by 't houtsje torjochte, mar hysels lei dêr in hiel ein ôf bûten westen. Sa foun it boatsfolk fan 'e Tille him de jouns, dat nei Ljouwert ta west hie. Sy ha him thúsbrocht. Hy is der wit hoe lang siik fan west. Dat frommes wie de duvel.

Onderwerp

SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.    SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   

Beschrijving

Een vervelende timmerman heulde met de duivel, tot hij op een avond een sloot over wilde steken. Hij stond oog in oog met een vrouw die tegelijk over de plank wilde, maar niet sprak. Hij werd ineens door haar opgepakt en een eind verderop neergesmeten.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 26, verhaal 5 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

2 april 1966
Andere Begegnungen mit dem Teufel.

Naam Overig in Tekst

Ruerd van der Veen    Ruerd van der Veen   

Readskuorre    Readskuorre   

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

'f Bomkleaster    'f Bomkleaster   

Tille    Tille   

Ljouwert    Ljouwert   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21