Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ002717

Een sage (mondeling), april 1966

Hoofdtekst

It Rammelân leit oan 'e súdkant fan 't Krúswetter. Dy namme is sa ûntstien: Der wienen twa spoeken yn Olterterp of de Sweach, dat hienen by har libben advokaten west. De duvelbander Piter Poes hat se dêr wei helle op in wein. Mar it ried o sa swier, hwant dy beide advokaten sprongen fan 'e wein en hâldden him tsjin. Sy hâldden de speaken fan 'e fjilden beet. Mar de wein ried troch hoe swier as it ek gong. Doe kommen se yn in stik lân by de Krúswetters. Dêr brocht Piter Poes dy beide advokaten hinne. En doe luts er in sirkel yn 't lân, en biswearde de beide spoeken, dat se dêr net bûten komme mochten. Dy sirkel yn 't gers is altyd swart bleaun troch de fuotstappen fan 'e advokaten. Hy wie krekt sa great as hwannear men in ram oan it tou setten (oan 't tsjoar), safolle rounte koenen dy advokaten, net mear. Dêr komt de namme Rammelân fan.

Onderwerp

TM 2601 - Hoe het dorp (de stad, heuvel, het stuk land) aan z'n naam is gekomen    TM 2601 - Hoe het dorp (de stad, heuvel, het stuk land) aan z'n naam is gekomen   

Beschrijving

Er zijn twee spoken in Olterterp of de Sweach. Zij waren in hun leven advokaten. De duivelbanner Piter Poes achtervolgt ze en zet ze vast in een magische cirkel op een veld. De cirkel in het gras is zwart geworden van het lopen van de twee spokende advocaten. De cirkel is net zo groot als de omtrek die een ram kan lopen als hij aan een touw staat. Vandaar dat het veld het Rammeland wordt genoemd.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 27, verhaal 17 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

april 1966 (?)
Hoe het dorp (de stad, heuvel, het stuk land) aan z'n naam is gekomen

Naam Overig in Tekst

Rammelân    Rammelân   

Krúswetter    Krúswetter   

Piter [Pieter] Poes    Piter [Pieter] Poes   

de Sweach    de Sweach   

Naam Locatie in Tekst

Olterterp    Olterterp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21