Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ002814

Een sage (mondeling), donderdag 14 april 1966

Hoofdtekst

Der wie us in man, dy hie forlet fan jild. Doe kom de duvel by him. Dy sei: Ik kin dy wol oan jild helpe. Hy moest mar in lears troch in gat fan it tek fan 'e skuorre stekke, dan soe de duvel dy fol smite. De man dy die dat. Hy stuts in lears troch 't tek hinne mei de iepening nei bûten ta, mar hy wie sa snoad dat hy de soale der ûnderwei slein hie. Doe smiet de duvel mar jild, hy smiet mar troch en hy smiet mar troch, mar de lears rekke noait fol. Op it lêst krige de duvel syn nocht fan it smiten. Mar doe lei der al in hiele hoop jild yn 'e skuorre. Sa hie dy man de duvel moai tofiter.

Onderwerp

SINSAG 0851 - Der Stiefel ohne Boden.    SINSAG 0851 - Der Stiefel ohne Boden.   

Beschrijving

Een man heeft geen geld, maar de duivel belooft hem geld te geven: een hele laars vol. De man steekt de laars door het dak van de schuur, maar heeft stiekem de zool eruit gehaald. Zo leidde hij de duivel om de tuin en kreeg hij een hele berg geld.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 28, verhaal 14 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

14 april 1966
Der Stiefel ohne Boden

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21