Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003004

Een sage (mondeling), september 1955

Hoofdtekst

Der roan us yn 't foarige op in jountiid let in man to Eastemar de paden del. Hy roan fan 'e buorren nei 't Heechsân. Doe't er oan 't Liuwelân ta wie, seach er dêr in man stean. Midden tusken in keppel skiep yn. Hy fortroude it saekje net en sei moai foars: "Hwat matstû dêr. Skiep stelle?" En dêr kommen noch in pear sterke wurden achteroan.
Mar doe kom dy man gleon op him ta. Doe woarde er sa binaud, dat hy sprong oer de sleat en dat gong op in rinnen, de bou út. Midden yn in kampke rogge bleau er hymjend en pûstend stean. De gleone man hie him folge, mar doe't er oan 'e rogge ta wie, koed er net fierder. Hy sweefde noch even oer de rogge hinne mar joech him doe ôf, gleon oer de Burgumermar hinne.
Doe't de man yn 'e rogge dat seach, fleach er as in wyld nei 't húske (dêr't nou Aelsen Hânsma wennet, oan 'e Achterwei) en stoude mei sa'n faesje ta de doar yn, dat dy rekke der út. De rogge hie him rêd.

Onderwerp

TM 3103 - Heilige rogge    TM 3103 - Heilige rogge   

Beschrijving

Roggeveld is redding voor belagen door vuurman.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 30, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Heechsân    Heechsân   

Liuwelân    Liuwelân   

Burgumer Mar    Burgumer Mar   

Aelsen Hansma    Aelsen Hansma   

Eastemar    Eastemar   

Achterwei    Achterwei   

Aelsen Hansma    Aelsen Hansma   

Naam Locatie in Tekst

Eastemar    Eastemar   

Achterwei    Achterwei   

Oostermeer    Oostermeer   

Heechsân    Heechsân   

Hoogzand    Hoogzand   

Burgumer Mar    Burgumer Mar   

Bergumermeer    Bergumermeer   

Plaats van Handelen

Oostermeer    Oostermeer   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21