Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003015

Een sage (mondeling), september 1955

Hoofdtekst

Yn 'e Westerein wenne in âld wyfke, dat koe noait sliepe. Altyd wie der nachts lawaei by har ûnder it bêd. De soan dy sei: "Nou sil ik der fannacht us sliepe." Mar doe wie 't krektsa.
Doe gong de soan nei greate Wopke, de duvelbander fan Kûkherne. Hy lei him it gefal út. Wopke frege: "Sjogge jimme oerdei wolris hwat?" "Ja, om itenstiid hinne is der altyd in âld roek by ús yn 'e buert en dy fljocht even letter de kant út nei de Sweachster bosk."
De oare deis gong Wopke dêrhinne.
Dêr wie de roek ek al, mar dit kear fleach er de kant fan Kûkherne út.
"Jimme krije der gjin lêst wer fan," sei Wopke, "ik praet aenst wol mei him." En sy ha ek echt gjin lêst wer hawn. Letter hat Wopke forteld, hwa't it west hie.

Beschrijving

Een vrouw kan nooit slapen, omdat er veel lawaai onder haar bed is. Haar zoon gaat naar Wopke de duivelbanner en die vraagt wat er gebeurt. De zoon noemt de roek die er altijd is en die dan wegvliegt naar Sweachster bosk. Als de duivelbanner komt kijken, vliegt de roek de kant uit van Kûkherne en keert de rust weerom.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 30, verhaal 15 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

september 1955

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Sweachster bosk [Zwagerbosch] [Sweagerbosk]    Sweachster bosk [Zwagerbosch] [Sweagerbosk]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21