Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003023

Een sage (mondeling), september 1955

Hoofdtekst

Yn 't lêst fan 'e foarige ieu wienen der yn 'e Koaten op in joun in ploechje jonges by elkoar. Sy wienen oan 't kuijerjen. 't Wie ljochtmoannewaer. Sy kuijeren op 'e âld wei, dêr't in breed, wyt sânpaed by lâns roan. It gong drok op in sjongen.
Mar ien fan 'e kammeraden hâldde ynienen op, en sei ek neat mear. In grouwe, greate keardel, sa great as se noch noait ien sjoen hienen, stapte oer de hage hinne en roan foar har op. De keardel sei neat.
Mei fjouwer greate trêdden stapte er doe oer de âld wei hinne en gong doe om in hekke hinne.
Ien fan 'e jonges, dy't nochal dryst wie, sette him nei. Dy tocht, hy koe der wolris yn 'e feart tolânne komme. Mar hy koe him net fine. It wie rounom ljocht. Hy koe alles dúdlik ûnderskiede. Hy seach by it hok yn it skaed, doe by de flearbosk, mar nergens wie in keardel. Doe't er wer op 'e wei kom, wienen de oare jonges útpike.
Mar de oare moarns helle de jonge, dy't sa binaud west hie, in amerfol drinkwetter fan 'e boer, dy't op it sté wenne, dêr't dy keardel wei woarn wie.
Doe woarde dy jonge troch dy greate keardel mei wetter en al fan 't paed ôf tsjin it hok oansmiten. De jonge rekke op bêd en koe yn gjin trije dagen prate. De jonge wie hwat in wylde bruijer en brûkte grouwe flokwurden.
Dit woarde my meidield fan 'e jonge, dy't dy greate keardel neisette. Hy is nou in âld man. Allegear hienen se dy jouns dy keardel sjoen.

Onderwerp

SINSAG 0475 - Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.    SINSAG 0475 - Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.   

Beschrijving

Een groepje jongens uit Koaten staat op een avond als het heldere maan is, met elkaar te praten. Plotseling zien ze een grote kerel aan komen lopen. De man zegt niets en loopt gewoon door. Een van de jongens volgt hem, maar de man is ineens verdwenen. De volgende dag gaat de jongen een emmer water halen van het erf waar de kerel gesignaleerd was. Hij wordt dan met emmer en al door de kerel weggesmeten. Hij is daarna goed ziek.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 30, verhaal 23 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

september 1955
Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.

Naam Overig in Tekst

Koaten    Koaten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21