Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003025

Een sage (mondeling), september 1955

Hoofdtekst

Ien hjirwei hat ris yn Zoutkamp oan 't wurk west. Dêr fortelden se dit forhael:
Der wie in boer, dy krige in nije feint. Dy nije feint moest mei de lytsfeint de dongbulten oer 't lân struije. De earste dei die er neat. De twadde dei ek net. Hy en de lytsfeint leinen de hiele lange dei mar hwat yn 'e sinne to loaikjen.
De trêdde dei frege de boer: "Hoe sit it, ha jim de modder hast oer 't lân?"
"Wy krije 't der hjoed oer, boer", wie 't antwurd fan 'e nije feint.
En dyselde deis, even foar't se nei hûs ta gongen, sei de nije feint: "Nou, los!"
En dêr fleagen alle modderbultsjes útinoar en yn in omsjoch lei de modder oer 't lân.
Mar net altyd gong it him sa goed ôf. It is ek al us gebeurd, doe wie der mei oar folk op it lân, doe sei er ynienen jammerjend: "Dêr komt er oan! Dêr komt er oan!" De oaren seagen neat, mar even letter lei er dêr to kroljen fan 'e pine en hy kjirme oan ien tried wei. Doe weefde de kweade mei him ôf.

Onderwerp

SINSAG 0686 - Die aufgebundenen Bohnensträucher. Durch Zauberformel aufgebunden, so dass der Knecht nach der Kirmes gehen kann.    SINSAG 0686 - Die aufgebundenen Bohnensträucher. Durch Zauberformel aufgebunden, so dass der Knecht nach der Kirmes gehen kann.   

Beschrijving

Een boer in Zoutkamp heeft een nieuwe knecht. Samen met de jongste knecht moeten zij modder over het land strooien. De eerste twee dagen doen ze niets en als de derde dag vraagt of er nog wat van komt, zegt de nieuwe knecht dat het die dag af zal zijn. Hij roept: Nou los, en de modder wordt door onzichtbare handen over het land gestrooid. Het gaat de knecht niet altijd goed af, want op een dag begint een andere man te kermen dat het eraan komt en dan vertrekt de kwade man en neemt de jammeraar mee.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 30, verhaal 25 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

september 1955
Die aufgebundenen Bohnensträucher. Durch Zauberformel aufgebunden, so dass der Knecht nach der Kirmes gehen kann.

Naam Locatie in Tekst

Zoutkamp    Zoutkamp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21