Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003202

Een sage (mondeling), november 1955

Hoofdtekst

Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear.
Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in dokter de middels net foar. Dy âlde keardel hjir neist de doar, dat kin de skuldige wol ris wêze. Dû mast it kessen mar us iepenmeitsje, dêr't it bern op slept." Dat dienen se en der kommen twa folle krânsen út en it bigjin fan in trêdden. Dus, it bern wie bitsjoend.
Doe praette de heit fan dat bern mei buorman ôf, sy soenen de oare deis yntiids nei greate Wopke fan Kûkherne ta en freegje dy om ried.
Mar de oare moarns wie 't allegearre like raer hwat der oan wie. De heit fan it bern soe sjen hoe let it wie, mar de stuoltsjeklok stie. Doe gong er nei de wekker ta, om dêr op to sjen, mar de wekker stie ek. Doe helle er it horloazje to foarskyn, mar dat tikke ek net. Wie it net raer? Hy hie oars alle ûrwurken de foarige jouns noch opwoun. Doe soed er dan earst de lampe mar opstekke. Mar hy koe de flam der mei gjin mooglikheit ynkrije. It swit kom him fan binaudens op 'e holle. Hy taestte nei de broek, mar hoe 't er him ek hâldde en kearde, hy koe de skonken net yn 'e boksen krije. Hy tocht: "Hjir stiket mear achter." En hy nom syn kleanspul ûnder 'e earm en sette der mei nei syn buorman ta. Dat wie de wiiste wei. Dêr klaeide er him oan en al gau rekken se doe togearre op in paed nei greate Wopke ta.
"Dat woe fan 'e moarn neat to bêst mei it úteinsetten, wol?" sa bigroete Wopke har. "Mar ik sil dy helpe."
Doe joech er de man hwat guod mei yn in fleske. Mar hy moest der tige noed fan stean. Der mochten gjin oare hannen oer gean as sines en it fleske moest yn 't tsjuster stean. As er dêr it bern deis in kear of hwat fan ynjoech, wie it gau wer klear.
Mar hwat wie nou 't gefal? It dochterke foun op in kear it fleske en sy hie it noch mar krekt oanroerd of it spatte útelkoar. Krekt as in sjippebûlch.
Doe moest de heit noch us wer in reis nei Kûkherne ta meitsje, om in nij drankje, mar nei dy tiid paste er better op. Doe koe it lyts-fanke der net mear bykomme. It bern is alhielendal wer better woarn. (fgl. Harkema VII H. Sibma)

Onderwerp

TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner    TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   

Beschrijving

vader van ziek meisje krijgt de raad niet verder te dokteren, maar naar een duivelbanner te gaan als er drie kransen, waarvan twee gereed, in haar kussen zitten. Op de ochtend van de reis staan alle klokken stil en kan de man zijn broek niet aantrekken. De vader krijgt een flesje mee dat alleen hij mag aanraken. Het flesje breekt als het meisje het te pakken krijgt. Met een nieuw drankje is het kind genezen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 32, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

november 1955
Het drankje van de duivelbanner

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Ham    Ham   

Drogeham    Drogeham   

Kûkherne    Kûkherne   

Kuikhorne    Kuikhorne   

Plaats van Handelen

Drogeham (Friesland)    Drogeham (Friesland)   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21