Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003208

Een sage (mondeling), november 1955

Hoofdtekst

In man fan 'e Hamsterheide kom fan syn suster út 'e Ham werom. Hy gong de Hamsterpaden lâns en ûnderweis kom der him in dikke, swarte kat op side, dy't by syn skonken lâns struts. By it lêste stik lân, dat er del moest, wie de kat fuort.
De wyks dêroan wie de man wer nei syn suster ta west. Hy kom itselde paed del en doe kom dyselde kat him wer op side. Dit kear bleau dy kat by him oan 'e doar ta. Hy woe der mei de man yn.
Mar de man dy sei: "Dû mast dêr mar bliuwe. Wy ha wol in kat yn 'e hûs en jimme soenen mar rúzje krije togearre."
Mar doe't de man goed en wol yn 'e hûs wie, siet de kat boppe op it tek en hy makke dêr sa'n lawaei, dat it hiele hûs skodde der fan.
De man wie deabinaud. Hy rekke mei de klean oan op bêd.

Onderwerp

SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).    SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).   

Beschrijving

De tweede keer dat een man onderweg een zwarte kat tegenkomt loopt die mee naar huis. De man laat de kat niet binnen, waarop de kat op het dak klimt en zo'n lawaai maakt dat het huis er van schudt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 32, verhaal 8 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

november 1955
Uit gegevens elders blijkt dat Hamsterheide is uitgegroeid tot Harkema Opeinde.
Spuktier erschrekt Wanderer & SINSAG 0608 Andere Begegnungen mit Hexentieren

Naam Locatie in Tekst

Hamsterheide    Hamsterheide   

Ham    Ham   

[Drogeham]    [Drogeham]   

Hamsterpaden    Hamsterpaden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21