Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003604

Een sage (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wie in feint, dy swearde en swetste der mar op los. Hy leaude oan God noch syn gebot en dat sei er tsjin elkenien. Tsjin syn maten sei er: "Der bistiet net in God en gjin duvel."
Op in kear kom er mei twa fan syn maten oerien, dat hy soe trije kear op it tsjerkhôf gean en elke kear soed er dêr God en de duvel oanroppe. Dan soenen syn maten sjen kinne dat der neat fan dat alles wie.
De earste kear gong er it tsjerkhôf op en rôp God en de duvel oan. Dat die der hiel lûd en spottend. Mar hy krige gjin antwurd. Doe gong er nei syn maten ta en sei: "Ha jim hwat sjoen of heard?"
Né, dat hienen se net.
"Ik ek net", sei er.
Doe gong er foar de twadde kear it tsjerkhôf wer op en wer rôp er spottend oan God en de duvel. Mar ek nou gebeurde der neat.
"Ha jim hwat heard of sjoen?" frege er syn maten. Dat wie ek dizze kear net it gefal.
"Ik ek net", sei er.
De trêdde kear gong er it tsjerkhôf wer op. Mar doe hearden syn beide maten ynienen in lûde skreau.
Dêr kom er oanfleanen. Hy gûlde it út fan pine. Hy roan hurd op hûs ta.
Hy hie de swarte ôfdruk fan in hân yn 't skouder. Dat hie de hân fan 'e kweade west.
Hy hie in freesliken pine en hat noch trije dagen leefd.

Onderwerp

SINSAG 0893 - Die Teufelsprägung    SINSAG 0893 - Die Teufelsprägung   

Beschrijving

Een vent vloekt veel en zegt niet in God en de duivel te geloven. Vrienden van hem dagen hem uit dat hij driemaal over het kerkhof loopt en God en de duivel aanroept. De eerste twee keer gebeurt er niets. De derde keer horen de vrienden een harde gil en zien een zwarte handafdruk op de schouder van de man. Dat is een teken van het kwaad geweest. De man leeft nog maar drie dagen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 36, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

onbekend
Die Teufelsprägung

Naam Overig in Tekst

God    God   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21