Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003910

Een sage (mondeling), mei 1966

Hoofdtekst

Edzer Sint hat ek ûnder tsjinst west. Syn superieuren hienen net folle fortrouwen yn syn kwaliteit as soldaet. Hwant it wie us in kear gebeurd, dat de koaninginne kom foar ynspeksje. Doe wie der net yn 'e hâlding sprong en doe hied er net groete lyk as de oare soldaten. Der krige er in biskrobbing oer.
Doe hied er tsjin 'e koaninginne sein: Ikke net wiste datstû majesteit wieste.
Syn superieuren tochten: wy matte him mar ris op 'e proef ha. Doe stjûrden se him yn 't wachthokje. Hy moest de wacht hâlde.
Se hienen in striepoppe makke en dy hienen se de unifoarm fan in kaptein oanlutsen. En dy striepoppe hienen se op in ezel set. 't Wie by nacht en dêr wie de ezel oanstappen kom.
Halt! Wie daar? hie Edzer roppen.
Mar der woarde fansels neat werom sein.
De ezel stapte troch.
Halt! It wachtwoord! rôp Edzer.
De ezel steurde him nergens oan en roan troch.
Doe hie Edzer sein: Dû wachtwoord net sizze wolste, dan ik dy deasjitte. En doe't der wer neat sein woarde, skeat er mei 't gewear op 'e striepoppe. De poppe foel fan 'e ezel ôf.
De superieuren hienen alles sjoen en Edzer hie it biwiis levere, dat er in goed soldaet wie. Hy krige in kistje sigaren as bileanning.

Beschrijving

Edzer Sint is in dienst en als de koningin voor inspectie komt toont hij niet het goede gedrag. Zijn superieuren gaan hem testen door een dummie op een ezel te plaatsen als Edzer wacht moet houden. Edzer schiet de dummie neer als die geen wachtwoord geeft. Hij is dus een goede soldaat en wordt beloond met een doos sigaren.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 39, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

? [mei 1966]

Naam Overig in Tekst

Edzer SintEdzer sint    Edzer SintEdzer sint   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21