Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003914

Een sage (mondeling), mei 1966

Hoofdtekst

Alle Tet wie de greatste tsjoenster fan de Heide.
Sy hie 't fral op bern forsjoen. Sy hat hjir genôch bern deatsjoend. It bern fan Roele Akke ek.
Sy kom dan mei in moai praetsje yn 'e hûs en dan sei se sahwat flaeikjend: Hoe is 't mei 't berntsje, Akke?
Op in kear kom se ek wer en doe sei se: Ik sjoch 't wol, 't is al hast wei. En doe soe se gau it bern it noaske tichtknipe. Pake wie der ek en dy sei: "Dû mast der ôfbliuwe, Tet, it bern leeft noch."
Mar hy hie lijen har der by wei to krijen. Hy moest har der by wei skuorre.
As de âlders fan 'e bern nei 't ierpellân ta moesten, sei Tet: Ik sil wylst wol even op 'e bern passe.
Dan hie se 't bern al yn 'e macht, foardat de oaren der erch yn hienen. Dan joech se it bern gau hwat to drinken en dan kom 't forkeard. Sa hat se in protte bern bitsjoend.
Tet hie potlidden to keap. Krúskepannen neamden se dy yn 'e Harkema, omdat der faek in krúske ûnder stie.

Onderwerp

SINSAG 0580 - Andere Hexenkünste    SINSAG 0580 - Andere Hexenkünste   

Beschrijving

Alle Tet is de grootste heks van de Heide. Ze heeft het vooral op kinderen voorzien. Ook het kind van Roele Akke probeert ze te beheksen. Als de ouders het aardappelland opgaan, probeert zij het kind in de macht te krijgen. Alle Tet verkoopt potdeksels. Ze worden in Harkema kruispannen worden genoemd, omdat er onderop vaak een kruis staat.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 39, verhaal 14 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

? [mei 1966]
Alle Tet kan geïdentificeerd worden met Tietje Zwerver, 1829-1902 (opm. Willem de Blécourt).
Andere Hexenkünste

Naam Overig in Tekst

Alle Tet    Alle Tet   

Roele Akke    Roele Akke   

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Heide    Heide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21