Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ004110

Een mop (mondeling), donderdag 19 mei 1966

Hoofdtekst

Japik Ingberts hie hwat útheefd en doe kamen de witsjes út Ljouwert by him yn Sumar om him to heljen. Sy kamen Japik oer 't mad. Mar Japik Ingberts wie net foar ien gat to fangen. Hy wie tige freonlik tsjin 'e plysjes en sei: Foardat jimme my meinimme woe 'k graech hwat reardom ha. Mei dat?
Dat woarde tastien.
Kin dat wol even waerm makke wurde?
Ja, dat wie goed.
Doe't de reardom klear wie, sei er tsjin 't wiif:
Ik mat der hwat sjerp oer ha.
It minske forstie de wink en sei: Och, de sjerp stiet hjir neist yn 'e spyskeamer. Dy kinst sels wol helje.
Doe gong Japik Ingberts nei de spyskeamer ta. Mar hy kaem net werom. Hwant der siet in doar yn dy spyskeamer, dy gong nei de kelder ta. En yn dy kelder stie in wine op redtsjes. Dêr wie ek in gat yn dy kelder. Japik Ingberts kroep yn dat gat en doe skoude hy de wine dêr moai oerhinne. Net in minske koe him dêr fine. Sa kom it dat de Witsjes Sumar forlitten ha sûnder Japik Ingberts.

Onderwerp

VDK 1525Z* 21 - Japik Ingberts ontsnapt door de spijskamer    VDK 1525Z* 21 - Japik Ingberts ontsnapt door de spijskamer   

Beschrijving

Japik Ingberts wordt thuis door de politie ingerekend voor een misdaad. Japik vraagt of hij nog even roerom mag eten. Als hij er stroop in wil, moet hij het van zijn vrouw zelf uit de voorraadkamer gaan halen. In de kelder zit echter een onzichtbaar luik, waaronder Japik zich verstopt. De politie gaat naar hem op zoek, maar kan hem niet vinden en vertrekt onverrichterzake.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 41, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 mei 1966
De Japik Ingberts-cyclus (Japik Ingberts ontsnapt door de spijskamer)

Naam Overig in Tekst

Japik Ingberts    Japik Ingberts   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Sumar    Sumar   

Suameer    Suameer   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21