Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ004113

Een mop (mondeling), donderdag 19 mei 1966

Hoofdtekst

Op in kear sieten de witsjes him op 'e hielen. Hy stie foar it Knjillisdjip. Dêr lei in lyts âld, forfallen skipke. Japik Ingberts sei tsjin it skipperke: "Gau, gau, set my oer nei de oare kant ta, dan krijstû fan my in nij skip op myn earewurd."
It skipperke brocht him feilich nei de oare kant ta. Doe sei Japik Ingberts tsjin him: "Troch hwat foar in skûtmakker wolst it skip makke ha?"
It skipperke neamde it adres en Japik Ingberts gong dêr hinne en liet dêr in nij skip bouwe.
Doe't it skip klear wie, krige de skipper it, en Japik Ingberts sei tsjin 'e skûtmakker: "Ik sil jo dêr en dêr yn dy en dy herberge bitelje op dy en dy ûre."
Dat wie in herberch, dy stie op in iensum plak.
De skûtmakker wie der op 'e tiid en Japik Ingberts ek. Hy bitelle de skûtmakker mar doe gong er al gau fuort. De skûtmakker bleau noch even sitten. Doe't letter de skûtmakker de herberch forliet, birove Japik Ingberts him ûnderweis. Sa hied er syn jild werom.

Onderwerp

VDK 1525Z* 24 - Japik Ingberts ontsnapt geholpen door een schipper    VDK 1525Z* 24 - Japik Ingberts ontsnapt geholpen door een schipper   

Beschrijving

Een schipper zet de door de politie achtervolgde Japik Ingberts over een kanaal als deze hem een nieuw schip belooft. Japik laat voor hem een nieuw schip bouwen, maar berooft de schuitmaker weer nadat hij hem betaald heeft.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 41, verhaal 13 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 mei 1966
De Japik Ingberts-cyclus (Japik Ingberts ontsnapt geholpen door een schipper)

Naam Overig in Tekst

Knjillisdjip    Knjillisdjip   

Japik Ingberts    Japik Ingberts   

Naam Locatie in Tekst

Kolonelsdiep    Kolonelsdiep   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21