Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ004501

Een sprookje (mondeling), woensdag 01 juni 1966

Hoofdtekst

In teltsje fan Evert
Evert wie in kear op stap.
Underweis gong er yn 'e berm sitten en bipluze syn brochje mei tsiis. Doe kom dêr in hiele flecht miggen op dy tsiis delsetten. Evert die der in slach mei de hân nei en doe hied er samar sawn tagelyk dea.
Hy wie der wakkere wiis op, dat er sawn miggen yn ien klap deaslein hie, dat hy gong hinne, hy krige in bôge papier en skreau dêr op:
Evert mei de lome lea
dy sloech sawn yn ien klap dea.
Dat papier spjelde er op 'e pet en doe sette er de wrâld yn om syn gelok to sykjen.
Alle minsken dy't er foarby kom seagen mei ûntsach nei him doe't se liezen hwat der op 'e pet stie. Doe kom er op in plak, dat wie Feankleaster. Dêr seagen de minsken èk hwat der op syn pet stie. Sy tochten net oars of hy hie sawn màn yn ien slach deaslein.
Dy man matte wy hjir krekt ha, ornearren se, dat is krekt ús man. Hwant der hâldde yn 'e Feankleaster bosk in hiele lulke bear ta, dy't al forskeidene minsken forskuord hie. Net ien doarst mear yn 'e bosk to kommen.
Dat doe fregen se Evert, of hy dy bear deameitsje woe. Dan soed er in grou stik jild ha. Dêr hie Evert wol earen nei.
Hy gong de bosk yn. En it duorre net lang of dêr kom de bear al oansetten.
Evert roan gau ta de doar fan in húske yn, dat dêr stie. De bear roan him achternei, èk yn dat húske. Dat húske stie dêr leech, ek al fanwege dy lulke bear.
Evert roan ta de iene doar yn en ta de oare út. Dy oare doar makke er goed fêst oan 'e bûtenkant. Doe died er hurd in slach om 't húske hinne en makke ek de doar, dêr't er ta'n ynkom wie, goed fêst. Sa siet de bear gefangen.
Doe gong er nei de hearen fan it slot ta, dy't him lûd forwolkommen, doe't se him libben út 'e bosk weikommen seagen.
Evert sei: Wolle jimme de bear levend of dea ha? Sy hienen mar leafst, dat de bear dea wie.
Doe gong Evert werom nei it húske en dêr hat er de bear mei in gewear deasketten.
Doe't er mei de deade bear forskynde, hat er sa'n grou stik jild krige, dat hy hoefde noait wer in slach to dwaen.

Onderwerp

AT 1640 - The Brave Tailor    AT 1640 - The Brave Tailor   

ATU 1640    ATU 1640   

Beschrijving

Man slaat in één klap de zeven muggen op zijn brood dood. Hij is daar zo trots op dat hij op een vel papier schrijft dat er zeven heeft doodgemaakt, en speldt dat op zijn pet. De mensen in een dorp waar een beer in het bos zit vragen hem daarom of hij de beer wil doden. Hij neemt het aan, neemt de beer gevangen door het beest een huis binnen te lokken door de ene deur en zelf door de andere deur te verdwijnen. De man krijgt na het doodschieten van de beer zoveel geld dat hij nooit meer hoeft te werken.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 45, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

1 juni 1966
The Brave Tailor

Naam Overig in Tekst

Evert    Evert   

Naam Locatie in Tekst

Feankleaster    Feankleaster   

Veenklooster    Veenklooster   

Plaats van Handelen

Veenklooster    Veenklooster   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21