Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ006407

Een sage (mondeling), zondag 03 juli 1966

Hoofdtekst

Mem en heit ha yn Boarnburgum wenne. Heit hie altyd fan alles to keap. Sy wennen yn in blok fan acht huzen, dat hiet 'de Moune'. Sy hienen doe noch mar ien jonkje, dat is letter weirekke. Doe kom der op in joun in âld minske fan goed njoggentich jier by har. 't Wie de widdou Minke Oosterwoud. Sy frege of it lytse koopmantsje dêr wenne. Dat wie heit.
"Ja," sei heit, "kom der mar yn."
It minske bleau sitten en dronk thé en praette en praette mar. Mar sy praette net oer har boadskip. Op 't lêst woardde it kertier oer alven. Heit sei: "Wy matte aenst op bêd."
Doe kom se mei har boadskip op 'e lappen. "Ik woe wol in papleppeltsje ha", sei se. Sy krige dat en doe rekke se fuort.
Dy nachts raesde it jonkje moard en brân. De hiele nachts wienen heit en mem der mei warber. It swit roan ús heit ta it hier út.
Doe't er it de oare moarns oan 'e buorlju fortelde, seinen dy: "Ha jim dy âlde tsjoenster by jimmes hawn? Dat bern is bitsjoend."
De oare jouns om deselde tiid, doe wie 't âld-minske der al wer. It bern wie yn dy tiid stil woarn. Hja bleau mar wer sitten en praette net oer fuortgean. It roan al nei alven, doe sei heit: "Wy wolle wol oan kant."
Doe sei se: "'k Woe wol in sûkerleppeltsje ha."
Doe't se fuort wie bigong itselde lijen wer. 't Bern raesde oan ien tried wei, oan 'e oare moarn ta.
Heit sei: "As dat âld nêst wer komt, dan weef ik mei har ôf."
De oare jouns wie se der al wer.
"Dû smoarge âlde tsjoenster," sei ús heit, "ast net handich makkest, datst it bern wer better makkest, silst stjerre."
Heit hat har mei 't mes neisitten, dat hja is oer it hek hinne klaud (oer de 90). Mar it bern hat net wer raesd.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Vader en moeder wonen in Boarnburgum. Vader verkoopt van alles. Ze wonen in een blok huizen dat "de Moune" heet. Ze hebben een jongetje. Enkele avonden achtereen komt een oud mensje van 90 jaar bij ze. Het is de weduwe Minke Oosterwoud. Het wordt laat. 's Nachts schreeuwt het zoontje moord en brand. De hele nacht zijn vader en moeder er mee bezig. Hij vertelt het aan de buren. Die zeggen dat die ouwe heks het kind betoverd heeft. Vader zegt af te rekenen met dat oude mens als ze weer komt. Vader heeft haar met een mes nagezeten, ze is over het hek geklommen . Het kind heeft niet meer gekrijst

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 64, verhaal 7

Commentaar

3 juli 1966
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

de Moune    de Moune   

Minke Oosterwoud    Minke Oosterwoud   

Naam Locatie in Tekst

Boarnburgum    Boarnburgum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21